Wurkstraf easke tsjin scooterrider dy't yn Ljouwert âldere man fan de sokken rydt

18 feb 2021 - 17:08

Justysje easket 120 oeren wurkstraf tsjin in 19-jierrige jongeman út Ljouwert dy't yn it sintrum fan de stêd in âldere man fan de fyts riden hat. De fertochte wie op syn scooter útnaaid nei't de plysje him in stopteken jûn hie. Hy wie benaud dat er syn scooter ynleverje moast.

Foto: CAMJO Media

Der folge in wylde achterfolging út it westen fan de stêd wei, dwers troch it sintrum hinne troch smelle strjitsjes. It wie sneontemiddei en drok yn de stêd. Oan de achterfolging kaam samar ynienen in ein doe't de fertochte neffens in tsjûge op de Korfmakkersstrjitte mei in needgong op de fytser botste.

It slachtoffer bruts de heupe by de oanriding. Nei hast twa jier is er noch altyd net hielendal wer better. Njonken de wurkstraf easket justysje ek in rydûntsizzing fan oardel jier. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)