Greidefûgelgebieten wurde klearmakke foar de maitiid

18 feb 2021 - 16:08

It kâlde waar is noch mar krekt fuort, mar op in soad plakken yn de provinsje wurdt de komst fan de greidefûgels al taret troch briedgebieten sa geskikt mooglik te meitsjen. Yn de hiele provinsje is en wurdt op it stuit aksje ûndernaam om it de greidefûgels safolle mooglik nei it sin te meitsjen. Plasdrasgebieten wurde oanlein, rûge dong struid en boskjes dêr't rôfbisten skûlje kinne, wurde fuorthelle.

Dit boskje yn de Sweagermieden wurdt no fuorthelle - Foto: Gjerryt Hoekstra, Staatsbosbeheer

Yn de Sweagermieden hellet Staatsbosbeheer bygelyks dizze wike in 0.7 bunder grut boskje fuort út in greidefûgelgebiet, omdat dêr predatoaren yn sitte kinne. Fierder komme der rasters dy't rôfbisten op de grûn opkeare kinne. Ek wurde der stienmurden fuortfongen as ûnderdiel fan in provinsjale proef.

Yn de Lionserpolder wurdt op it plak fan in eardere midsiuske mar no in grutte plas&dras oanlein, sa meldt Natuurmonumenten. Soks bart yn 'e mande mei de provinsje, de natuerkoöperaasje Baarderadeel en de boeren om it gebiet hinne.

It agrarysk kollektyf Súdwestkust lit witte dat der ferline wike profitearre is fan it winterwaar wêrtroch't folle mear plakken as oars berikber binne om rûge dong út te riden. Dêrby giet it ûnder oare om de Workumerwaard. Mar ek al it oare wurk is oppakt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)