Earste basisplak yn kompetysje foar Jasper ter Heide sûnt oktober

18 feb 2021 - 14:40

Tiisdei 6 oktober 2020: Dat wie de dei dat Jasper ter Heide foar it lêst oan de ôftraap stie by in kompetysjewedstriid fan SC Cambuur. Hy mei it no wer sjen litte fan minút ien ôf en dat ek noch tsjin syn âlde klup Jong Ajax. Ter Heide ferfangt Mees Hoedemakers, dy't tiisdei tsjin TOP Oss syn fiifde giele kaart pakte en skorst is.

Jasper ter Heide

Op it momint dat Hoedemakers tiisdei yn de earste helte in giele kaart krige, wist Ter Heide al genôch: "Toen wist ik al een beetje dat ik zou gaan spelen. En dan uitgerekend tegen Jong Ajax, dat is hartstikke mooi en ik heb er super veel zin in."

Foardat Ter Heide nei Ljouwert kaam, spile hy seis jier yn de jeugd by Ajax. Fierder as de beloften kaam er net, mar dochs hat er noch waarme gefoelens foar de Amsterdamse klup. "Het is leuk om daar weer te komen en iedereen weer te zien. Tegen Jong Ajax spelen geeft wel wat extra motivatie."

Gewoanwei striidt Jong Ajax mei op de boppeste plakken, mar dit seizoen is it oars. It stiet tolfde yn de earste difyzje, mar Ter Heide hat wol in idee hoe't dat kin: "Ze hebben dit jaar een extreem jonge ploeg. Ze hebben niet zoveel ervaring als de jaren ervoor. De jongens die tegen het eerste aan zitten, zoals Ekkelenkamp en Eiting, deden wel eens mee, maar dat zie je nu minder."

Foto: Orange Pictures

Ter Heide kin him mar klearmeitsje. Hy krijt dus in kâns as ferdigenjende middenfjilder en lit dat no krekt syn favorite posysje wêze. "Dat voelt goed. We hebben een paar oefenwedstrijdjes gespeeld en dat ging ook aardig, ik weet dat het nog kan", fertelt Ter Heide, dy't tiisdei tsjin TOP Oss ek noch tsien minuten meidwaan mocht as ynfaller.

Jubileum foar Mühren?

De wedstriid tsjin Jong Ajax kin ek in bysûndere wurde foar Robert Mühren. De spits skoarde foarich seizoen 26 kear en stiet no op 23. Dat betsjut dat de Volendammer freed syn fyftichste foar Cambuur meitsje kin. Trainer Henk de Jong ferwachtet dat dat in kwestje fan tiid is. "Lit him earst dy fyftichste meitsje en dan hoopje ik dat er der dit seizoen noch in stik as fyftjin yn sjit. As hy hjir noch in pear jier bliuwt, yn wat foar kompetysje dan ek, komt er ek wol oan it rekôr." Dat rekôr hat Jan Bruin no yn hannen. Hy makke de measte goals foar Cambuur, 79 om krekt te wêzen.

Trainer Henk de Jong

Henk de Jong joech nei de wedstriid tsjin TOP Oss al oan dat Ter Heide tsjin Jong Ajax spylje soe foar Hoedemakers. Dêr hat de trainer de lêste wiken ek al op ynspile: "Dy kaart foar Mees siet der oan te kommen, dus Jasper hat op de training ek hieltyd op dy posysje spile. Dêr ha ik alle fertrouwen yn. It is in 'pitbulltsje' dy't ek noch wol aardich fuotbalje kin."

In bytsje ferwenne

Hiele yntinsyf traine sit der yn dizze drokke wike foar Cambuur net yn. Tiisdei spilen se dus tsjin TOP Oss, freed tsjin Jong Ajax en moandei alwer tsjin Jong FC Utrecht. Wat dogge je dan tuskentroch om de spilers fit te hâlden? De Jong: "Se in bytsje ferwenne, mar de boel ek op skerp sette. Robert Mühren docht wat minder as oaren, mar dat is ek leeftiid dus dat mei ek, dêr foeterje ik dan ek net op. Dan doch ik ien each ticht en dan sjoch ik it net."

De seleksje stiet der fierder goed op. Allinne Stanley Akoy en Mitchel Paulissen ûntbrekke fanwege in blessuere. Der binne noch wol wat lytse gefaltsjes neffens de Drachtster coach, mar dat mei neffens him gjin namme hawwe. "Ik sjoch wol dat guon wat lest hawwe, mar dat is altyd sa op de twadde dei nei in wedstriid. Dêr meitsje ik my net drok om."

De wedstriid tusken Jong Ajax en SC Cambuur begjint freedtemiddei al om healwei fiven. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn it programma Weistra op Wei. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar fanôf Sportpark De Toekomst. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan dat duel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)