Njoggen jier sel foar deadlike stekpartij Easterwâlde

18 feb 2021 - 14:11

In 34-jierrige Ljouwerter dy't yn it hûs fan syn eks in man út Bovensmilde (44) deadlik ferwûne hat, moat njoggen jier de finzenis yn. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdei bepaald.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man gong op 4 april by syn eks-freondinne del yn Easterwâlde om de bern te bringen. Sy wiene al in skoftke útinoar. De nije freon fan de frou, in 44-jierrige man út Bovensmilde, wie by har thús yn Easterwâlde doe't de fertochte deryn kaam.

Der ûntstie in wrakseling tusken beide manlju, wêrby't de fertochte in grut mes út de keuken pakte. Neffens de fertochte die er dat út need, sa sei er foar de rjochtbank yn Ljouwert. Hy seit dat er gjin stekbewegingen makke hat. De fertochte soe tsjin it mes oanrûn wêze.

De rjochter wiisde syn berop op needwar ôf. Tsjin de man wie 10 jier selstraf easke. De rjochtbank liet yn it einfûnis meiwage dat de man noch nea earder foar in geweldsdelikt feroardiele west hat. De neibesteanden en de beneidielden krije in skeafergoeding fan hast 80.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)