Takomst Sealen Schaaf yn Ljouwert: wenningbou en kulturele ynfolling

18 feb 2021 - 14:00

Der lizze trije plannen foar Sealen Schaaf yn Ljouwert. Dat is de útkomst fan in priisfraach dy't de gemeenteried earder útskreaun hat. Alle yntsjinners binne ree it gebou te keapjen fan de gemeente en alle partijen sille in part fan it sealekompleks brûke foar wenningbou. De ynfolling fan de rest fan it kompleks hinget fan de ferskate plannen ôf: fan ûnderwiis en start ups oant muzykoptredens en musicalfoarstellingen.

Takomst Zalen Schaaf: wenningbou en kulturele ynfolling

Agora

Dit plan wol fan Sealen Schaaf in moetingsplak meitsje mei in kulturele en maatskiplike funksje, in brede ynfolling dus. It draait om fiif saken: eksperimint, ûndernimme, leare, minge en presintearje. De seal kin brûkt wurde foar eveneminten, teäter, fergaderingen, debat en moat bewenners út de wyk in plak jaan foar aktiviteiten.

Fierders moat it plak jaan oan kreative makkers en start ups. Belutsen by dit plan binne Jaap Hoekstra Vastgoed & Mydomo b.v. (mooglike keapers) en Annemarie Lindeboom, Liselot Jaspers en Jan Gaastra (mooglike eksploitanten).

Foto: Agora

Muzyk en teäter

It twadde plan is fan Bobby Veenstra fan BHE Music Group yn gearwurking mei filmprodusint Steven de Jong. Veenstra is op it stuit de tydlike eksploitant mei muzykproduksjes oant de simmerfakânsje.

Yn it nije plan moat romte bliuwe foar muzyk, mar is it ek de bedoeling dat de seal brûkt wurde sil foar langrinnende musical- en teäterproduksjes. Sa leit der in plan foar in musical oer it libben fan Mata Hari. Ek soene der in muzykskoalle en opname- en filmstudio's yn komme moatte.

Foto: Zalen Schaaf in beweging

Grutte ferbou

It tredde plan is fan ûntwikkelingsmaatskippij Turfmarkt B.V. Der leit in wiidweidich ferbouwingsplan mei as doel Sealen Schaaf multyfunksjoneler te meitsjen, sadat it breder brûkt wurde kin. Sa wolle se in binnentún oanlizze en moat de seal plak jaan oan ateliers en wurkromtes foar lytse ûndernimmers út de makkerskultuer.

Foto: Ontwikkelmaatschappij Turfmarkt B.V.

De trije plannen wurde op 2 maart op in digitale gearkomste presintearre oan de gemeenteried en oare ynteressearren. It is de bedoeling dat de gemeenteried yn april kiest hokker partij Sealen Schaaf keapje mei om de eigen plannen út te fieren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)