Mannen van Staal út de skroeven oer keunstwurk Frank Stella: "In moaie gruttenien"

18 feb 2021 - 18:38

Oan ien fan de grutste keunstwurken fan Nederlân wurkje en dan ek noch fan in wrâldferneamd keunstner as Frank Stella. Dat fine de metaalbewurkers fan de Mannen van Staal yn Ljouwert en harren partner CIG Architecture hiel bysûnder. Woansdei waard bekend dat it fjirtjin meter hege metalen objekt mei de namme Broken Jug in nij plak kriget yn Harns.

Ferslachjouwer Ronnie Porte praat mei Theunis Bakker fan Mannen van Staal en Allard Bokma fan CIG Architecture

It is dan wol keunst, mar se pakke it oan as in grut yndustrieel projekt. Want it giet oer de grinzen fan keunst hinne, fynt Allard Bokma fan Central Industry Group (CIG). Syn bedriuw is de útfierder fan projekten fan Mannen van Staal en fan keunstner Frank Stella.

It keunstwurk Broken Jug is 45 ton swier. It wurk stiet al mear as twa jier op de yndustryhaven yn Harns te wachtsjen op in definityf plak. Dat wurdt it nije langparkearenplak foar toeristen dy't mei de boat nei Skylge of Flylân gean. Alhiel defintyf is it plak net, want Harns krijt it wurk yn brûklien.

Theunis Bakker fan Mannen van Staal is út de skroeven oer it keunstwurk Broken Jug en de gearwurking mei Frank Stella: "Super, dat we in wurk fan dizze keunstner yn Fryslân hâlde kinne. En dan ek noch sa'n moaie gruttenien. Geweldich."

It keunstwurk fan Frank Stella - Foto: Simone Scheffer
(Advertinsje)
(Advertinsje)