'Pact van Thialf': PvdA wol mear ryksstipe om iisstadion oerein te hâlden

18 feb 2021 - 13:31

In soad minsken wiene ôfrûne wiken yn 'e besnijing fan de Alvestêdetocht en sels de Haachske polityk bemuoide him dermei. PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg en kandidaat-Keamerlid Habtamu de Hoop soene graach sjen dat de lanlike polityk him krekt sa fûl ynset foar iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat kampt nammentlik al jierren mei strukturele ferliezen en krijt dêrfoar finansjele stipe fan de gemeente Hearrenfean en de provinsje Fryslân. Den Haag mei no lykwols ek wolris ta de bûse, fine de PvdA'ers. Sy komme dêrom mei it foarstel it 'Pact van Thialf' om de topsportambysjes fan Thialf oerein te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân

"Als je weet dat de Friese sport het de komende jaren moeilijk zal krijgen, ook in verband met de coroncrisis, en er bovendien een behoorlijke economische crisis aankomt voor andere sectoren in Fryslân, dan moet je je afvragen of Fryslân door moet gaan met het steeds weer gaten vullen bij Thialf", leit Stalenburg út. "Wat nu dreigt, is dat we straks structureel per jaar zes ton tot een miljoen moeten bijbetalen. Dat geld kun je ook aan heel veel andere dingen besteden."

Ikoanysk foar hiel Nederlân

Dêrneist is Thialf neffens Stalenburg net allinnich ikoanysk foar Fryslân, mar ek foar it folsleine lân. "De medailles die er worden behaald, worden meestal voorbereid in Thialf. Als heel Nederland juicht voor de kampioenen, dan is dat eigenlijk het succes van Heerenveen. Wij vinden dat het Rijk daar veel meer aan zou moeten bijdragen", seit Stalenburg.

Pact van Thialf

Doe't it ferline wike flink frear, rôpen Haachske politisy om it hurdst dat der dochs echt in Alvestêdetocht komme moast. "Als politici zo fanatiek bezig zijn met ijs en schaatscultuur, mogen ze ook meebetalen aan het in stand houden van een unieke schaatstempel in Fryslân." Neffens Stalenburg is Thialf mear as in topsportlokaasje allinnich. Bern krije der reedrydtraining en der komme dêrneist in soad amateurriders om in rûntsje te riden.

Stalenburg en De Hoop hawwe dêrom in foarstel skreaun - Pact van Thialf - om oare politike partijen yn Den Haag te bewegen om yn aksje te kommen en te soargjen foar strukturele finansjele bydragen. "De topsport betaalt al", seit Stalenburg. "Als je de komende jaren Olympische medailles wil behalen, moet je er stevig tegenaan."

Steatelid Jaap Stalenburg

(Advertinsje)
(Advertinsje)