Kapsalons ha de ljochten oan, as needgjalp: "We ha alles goed regele"

18 feb 2021 - 22:04

Hûnderten kapsalons yn hiel Nederlân dogge tongersdeitejûn de ljochten oan. Net om't se de winkel iependogge, mar om omtinken te freegjen foar harren drege sitewaasje. Ien fan de kapsalons dy't meidocht, is Studio Hair yn Burgum.

Ramona de Boer en Sijke van der Wal - Foto: Kapsalon Studio Hair

De kappers binne al sûnt heal desimber ticht. Eigeneresse Ramona de Boer docht der alles oan om posityf te bliuwen, mar it wurdt hieltyd dreger: "Wy meitsje ús no ek wol wat soargen, want wy tinke dat wy iepen kinne en moatte. Wy hawwe alles hjir goed regele, en dat is ferline jier ek wol bewiisd." Yn de kapsalon fan De Boer is gjinien siik wurden of besmet rekke.

Yntusken binne de kapsalons yn België wer iepen en meie de kapperssaken yn Dútslân op 1 maart wer iepen. Dat is miskien in reden om jaloersk te wêzen, mar foar De Boer is it benammen in sprankje hoop. "De foarige kearen binne wy ek nei België en Dútslân wer iepengien. Mar wy hâlde wol in slach om de earm, want se wolle de middelbere skoallen earst wer iepen hawwe."

Harkje nei in petear mei kapsters Ramona en Sijke

Foto: Omrop Fryslan

#lichtvoordathetuitgaat

Om omtinken te freegjen foar harren situaasje dogge de kapsalons tongersdeitejûn it ljocht oan. Yn Burgum dogge sa'n tsien salons mei oan de aksje #lichtvoordathetuitgaat. By Hair Studio dogge se noch in ekstra aksje, mei waksineljochtsjes yn de foarm fan in hert.

Allegearre moaie bylden, mar de reden derefter is minder. In soad kapsalons krije te min jild fan de oerheid om alles rûn te breidzjen. Dêr komt nochris by dat se yn dizze tiid berjocht krije dat in part fan it oerheidsjild fan ferline jier werombetelle wurde moat. "Ik wit fan in protte salons dat it wetter echt oan de lippen stiet", seit De Boer. "De reserves begjinne no op te reitsjen. Wy tinke echt dat de salons wer iepen moatte, en ek kinne!"

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar sjocht yn de kapsalon

Foto: Omrop Fryslan

De klanten wurde yntusken ek hieltyd ûngeduldiger. "Wy krije alle dagen wol in appke, of in mailtsje of in telefoantsje dat minsken hiel graach knipt wurde wolle. En sa no en dan ek de fraach oft we dat dan net stikem dwaan wolle." Mar dat wolle se perfoarst net, seit De Boer. Oan de iene kant om de kâns op besmettingen en corona sa lyts mooglik te hâlden en oan de oare kant om't dêr boetes fan tûzenen euro's op stean.

De hoop is no op 3 maart fêstige. Dan moat der wer in parsekonferinsje komme. Neffens kapster Sijke van der Wal, wurdt it noch in útdaging om alle ynkomsten wer wat werom te krijen. "Je kinne net alle wiken nei de kapper, om alles wer yn te heljen krekt lykas yn in restaurant."

Ek yn Ljouwert ha kappers de ljochten oan - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)