Gjin nije coronabesmettings yn MCL; onkology wer folslein iepen

18 feb 2021 - 11:18

De ferpleechôfdieling onkology yn it MCL giet freed wer iepen. De ôfdieling wie ticht fanwege in grutte corona-útbraak twa wiken lyn. In tweintichtal meiwurkers en in tsiental pasjinten rekken besmet.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It sikehûs naam swiere maatregels om de útbraak yn te dammen. Ien dêrfan wie it sluten fan de ferpleechôfdieling onkology op 8 febrewaris. Pasjinten krigen wêr nedich soarch yn oare sikehûzen of soarch waard útsteld.

Om it firus in halt ta te roppen, waarden ek hûnderten personielsleden út foarsoarch test op it coronafirus. Dat hat gjin bysûnderheden opsmiten, seit it MCL. Dêrom giet de ôfdieling freed wer iepen.

Minder persoansbewegings

Om de kâns op oerdracht fan it firus yn it sikehûs te ferlytsen, besiket it MCL it oantal persoansbewegings noch hieltyd sa lyts mooglik te hâlden. Sa wurket administratyf personiel benammen thús en is in part fan de konsulten telefoanysk of digitaal. Guon ôfspraken wurde útsteld. Soarch dy't net útsteld wurde kin, giet troch.

De maatregels foar ferloskundigen wurde freed ek opheft. Eerstelynsferloskundigen kinne wer befallings yn it MCL begeliede, ek as se yn meardere sikehûzen wurkje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)