Selstraf en TBS easke foar oerfal op frou (93) yn Drachten

18 feb 2021 - 11:02

Justysje easket ien jier sel en TBS mei twangferpleging tsjin in 21-jierrige man út Drachten, fanwege in oerfal op in frou fan 93, oardel jier lyn. Earder fan 'e wike waard al trije jier sel easke tsjin in oare fertochte yn dizze saak, in 19-jierrige man sûnder fêst wenplak.

Foto: ProNews

De twa oerfoelen de frou yn har hûs oan de Korenmolen, omdat se mienden dat der in soad jild te heljen wie. Se naaiden út mei in jildkistje mei wat munten en brieven fan de ferstoarne man fan it slachtoffer.

It kistje waard letter fûn troch in swimmer yn de Morra. De fertochten waarden in heal jier nei de oerfal oppakt. Neffens justysje hat de fertochte meardere steurnissen en is it gefaar foar werhelling grut. Dêrom is der njonken de selstraf ek TBS easke. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Trefwurden: 
Drachten oerfal
(Advertinsje)
(Advertinsje)