30.000 euro ophelle foar wolvestek; stichting oan de slach mei pilot

Stichting Wolvenhek Fryslân hat 30.000 euro ophelle mei de crowdfundingsaksje foar in wolvestek om Fryslân. Dat bestjut dat de stichting begjinne kin mei in pilot foar it stek. Goed in moanne lyn sette de stichting in jildynsammelaksje op om de wolven by de provinsjegrins keare te kinnen, om't dy fee deabite.
© Shutterstock
Trije Fryske skieppehâlders en twa melkfeehâlders, feriene yn de stichting Wolvenhek Fryslân, wolle in stek bouwe op de Fryske provinsjegrins om de wolf bûten de doar te hâlden. It stek moat sa'n oardel meter heech wurde en wurdt oer 150 kilometer provinsjegrins lutsen. De plannen kostje neffens de stichting oardel oant twa miljoen euro. De feehâlders presintearren it plan op 7 jannewaris 2021 yn Den Haag.
De stichting wol mei de pilot sjen litte hoe't it stek der krekt útsjen moat. Bedoeling is dat der in pear kilometer stek pleatst wurdt, ûnder oare by in oantal oergongen by diken en fytspaden, sadat de stichting sjen litte kin hokker oplossings se dêrfoar betocht hat. Wêr't it foarbyldstek krekt te stean komt, is noch net bekend. Wol moat it op de bûtenrâne fan it greidegebiet komme, op of by de provinsjegrins.
De pilot wurdt finansiere út it jild dat Stichting Wolvenhek Fryslân no al hat. De stichting ropt minsken lykwols op om jild donearjen te bliuwen. Foarsitter Jehan Bouma: "Dit is in wichtige stap en we hoopje dat it derta bydraacht dat boargers, feehâlders en de ferskate oerheden dizze oplossingsrjochte benadering wurdearje."