Johan Erents ferlit nei hast fyftich jier gemeentepolityk Harns

De gemeente Harns hat woansdeitejûn ôfskied naam fan it 86-jierrige riedslid Johan Erents. Hy wie it âldste riedslid fan Nederlân en hat yn totaal mear as fjirtich jier riedslid west yn Harns. Erents is woansdei ûnderskieden mei de gemeentlike Draagspeld en in boerd fan Harnzer ierdewurk.
© Gemeente Harns
Erents kaam yn 1970 foar it earst yn de gemeenteried fan Harns. Hy wie ien perioade riedslid foar HA70, in kombinaasje fan PvdA-PPR-Ongebonden en D66. Erents hat dêrnei noch riedslid west foar D66 en de Harnzer politike partij OPA, dy't yn 2017 fierder gie ûnder de namme HOOP (Harlinger Onafhankelijke Ouderen Partij). By de ferkiezings fan 2018 naam Erents wer sitting yn de ried.
Yn 2006 krige Erents foar syn frijwilligersaktiviteiten en bestjoerlike funksjes in keninklike ûnderskieding. Goed fjirtich jier letter is it tiid foar Erents om ôfskied te nimmen fan de polityk. Hy seit de dynamyk by de gearkomsten te missen no't dy fanwegen corona digitaal binne en ferklearret him fysyk uterje kinne te wollen. Hy wurdt opfolge troch Ankie Hoendervoogt.