QAnon yn De Wâlden: komplottinkers lizze blommen op monumint Marianne Vaatstra

18 feb 2021 - 09:20

In blommehulde op De Westereen dêr't net om frege wie. De famylje fan de yn 1999 fermoarde Marianne Vaatstra fûn fan 't wykein allegear blommen op har tinkstien. De blommen binne lein troch in tal fanatike komplottinkers, dy't leauwe dat Vaatstra om it libben brocht is troch de saneamde 'satanyske elite'. Neffens misdiedsjoernalist Chris Klomp is it net de earste kear dat komplottinkers sa'n aksje op tou setten.

Foto: Famylje Marianne Vaatstra

De 16-jierrige Marianne Vaatstra út De Westereen waard yn 1999 dea fûn yn in greide yn Feankleaster. Jierrenlang waard der gjin dieder fûn en ferskate komplotteoryen diene de rûnte dat de dieder in asylsiker út it azc yn Kollum wêze soe. Ein 2012 waard nei in hûndert persint DNA-match Jasper S. fan Aldwâld oanhâlden. Hy bekende en krige 18 jier sel.

Nettsjinsteande de feroardieling bliuwe de komplotteoryen oer de moard op Marianne. De famylje Vaatstra hat lykwols oanjûn dat de saak mei de feroardieling fan Jasper S. foar harren dien is, en dat se rêst wolle.

De famylje wie absolút net bliid doe't se ôfrûne wykein blommen oantroffen op it monumint foar Marianne. De blommen binne yntusken fuorthelle. De famylje naam kontakt op mei misdiedsjoernalist Chris Klomp, dy't de saak de ôfrûne jierren folge hat. "Ze werden ineens geconfronteerd met deze kleine bloemenzee en werden er letterlijk misselijk van. Ze vroegen mij of ik wist waar dit vandaan komt", fertelt Klomp.

Bernemisbrûk

Hy kaam al gau út by de oanhingers fan de ekstreemrjochtse komplotteory QAnon, dy't tinke dat in 'satanyske elite' bern misbrûkt. "Zij proberen hoogwaardigheidsbekleders al jaren te beschuldigen van kindermisbruik", leit Klomp út. "Ze hitsen mensen op om actie te voeren bij graven en monumenten van jonge mensen die ooit om het leven zijn gebracht, waarbij al een dader voor is aangewezen in de rechtbank. Helaas zijn mensen bereid om daar actie op te ondernemen."

De QAnon-oanhingers tinke dat dyselde 'satanyske elite' de echte dieder is yn de moard op Marianne Vaatstra. Dyselde retoryk hawwe se yn oare moardsaken dêr't in dieder foar fûn is: op ferskate plakken yn Nederlân waarden dêrom blommen lein by grêven en monuminten. "In Bodegraven is het bijvoorbeeld behoorlijk uit de hand gelopen, omdat er veel mensen op af kwamen. De gemeente moest er beveiligers inhuren."

Foto: Omrop Fryslân

"Buitengewoon smakeloos"

De om it libben brochte jongeren wurde neffens Klomp 'misbrûkt' foar it de retoryk fan QAnon. "Ik heb verhalen gehoord van mensen die naar het graf van hun komen en daar onbekenden bloemen zien leggen en actie zien voeren. Dat is buitengewoon smakeloos."

Eltsenien hat it rjocht om te demonstrearjen, mar der mei net demonstrearre wurde op in begraafplak. "Op basis daarvan kun je die mensen van de begraafplaats halen en de bloemen weghalen. In Bodegraven hebben ze een kleine plek op de parkeerplaats gereserveerd waar gedemonstreerd mag worden", fertelt Klomp. De gemeente Bodegraven-Reeuwijk hat yntusken oanjefte dien, mar se woene net oan Klomp fertelle tsjin wa krekt. "Maar dat ze mensen met naam en toenaam beschuldigen van kindermisbruik is gewoon strafbaar."

Net de lêste demonstraasje

De kâns dat der noch in kear demonstrearre wurdt by it monumint foar Marianne Vaatstra is neffens Klomp grut. "Dezelfde groep heeft ook al plannen om bloemen te leggen op de Brunssumerheide waar de 11-jarige Nicky Verstappen omkwam." Ek yn dy saak is der al in dader feroardiele: de 55-jierrige Jos B. "Je kunt je voorstellen: die ouders zijn al door een hel gegaan en nu lopen ze ook nog het risico dat hun zoon wordt misbruikt voor dit soort waanzinnige complottheorieën waar geen enkel bewijs voor is. Dus we zijn hier nog niet vanaf."

Misdiedsjoernalist Chris Klomp

(Advertinsje)
(Advertinsje)