Kollum: "Samen"

18 feb 2021 - 08:23

"Moarn tsjinnet it heger berop fan de oerheid tsjin de útspraak fan de Haachske rjochter dat de jûnsklok wetlike net goed regele is, en dêrom ôfskaft wurde moat. De saak wie oanspand troch 'Viruswaarheid', in groep minsken fan de Rotterdamske dûnslearaar Willem Engel, dy't se net allegearre goed op in rychje hat. Nei de útspraak jubele hy dat tiisdeitejûn om njoggen oere alle pleinen fan Nederlân fol steane soene. Want yn 'e eagen fan de dûnslearaar is it coronafirus net slimmer as wat we yn in swier grypseizoen meimeitsje. Dit is oantoanbere ûnsin, en hy hat in soad oare kwealike dingen sein. Net myn maat.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

It ding is: ik bin ek fûl tsjinstanner fan de jûnsklok. Net om't ik alle dagen jûns let op 'e strún wol, mar om't ik net opsluten wurden wol. Ik fyn it ferstannich om net tefolle kontakten te hawwen. Mar dat je jûns de strjitte net mear op meie, op straffe fan in boete fan 95 euro, giet my te fier.

Premier Rutte reagearre tiisdei op de útspraak mei de oprop of minsken it tal kontakten dat se ha beheine wolle: 'Doe dat voor elkaar'. Dêr wie er wer, it berop op 'inoar'. Sa as de slogan fan de coronabestriding: 'Alleen samen krijgen we corona onder controle'. It stiet sûnt ferline maitiid op in grut boerd op 'e eftergrûn by de parsekonferinsjes fan Rutte en De Jonge. Mar we leauwe it net mear, en dat is de skuld fan Rutte c.s. sels.

Ik wit noch goed hoe't it mei maatregels begûn, mei de oankundiging troch Rutte dat we inoar gjin hannen mear jouwe, ôfsluten troch Rutte dy't sels in hân joech oan Jaap van Dissel, direkteur by it RIVM. We diene it. In pear dagen letter koene der gjin gearkomsten mear wêze mei mear as hûndert minsken, en wer in pear dagen letter gie de hoareka ticht. Gigantyske stappen, dy't troch gjin inkeld gesach te hanthavenjen wêze soene. Mar dat hoegde suver ek net: want we diene dit mei syn allen, om corona derûnder te krijen.

We krigen in eangstige earste weach, we seagen ferskriklike bylden út Italië, we wisten wêr't we it foar diene. We klapten foar de soarch, witst wol, dy sektor dêr't we 'samen' sa op besunige ha dat oardel jier dêrfoar noch twa sikehuzen fallyt giene. Mar de tiid gie fierder. De weach gie foarby.

Grapperhaus, de minister fan in Justysje dy't giet oer de strafblêden dy't minsken krigen foar it net neilibjen fan de oardelmeterregel, troude en waard troch in fotograaf betrape op it gjin ôfstân hâlden. De Jonge waard listlûker fan syn partij, neist in funksje dy't syn foargonger trije moannen earder tefolle waard en foar it each fan 'e naasje ûnderút gie efter de preekstoel fan de Twadde Keamer.

Der giene minsken op fakânsje, we stapten yn fleantugen, ja, dy twadde weach soe wol komme aanst, mar no noch net en 'samen krijgen we corona' ommers 'onder controle'. Mar 'samen' slûpte fuort. We rekken yn in tredde weach en it wizen nei de oar begûn. De skoalbern ha it dien, wylst de files mei minsken dy't wer nei kantoar giene om te wurkjen alle dagen groeiden. De hoareka, de kontaktberoppen, de winkels op Black Friday, de oar hâldt corona net ûnder kontrôle. En doe wiene der de earste faksins, dy't wurken as in katalysator foar it wizen nei it sels: ik, myn groep, moat as earste faksinearre wurde!

Yn it hotel efter myn hûs is om 'e pear dagen in feestje. Sy wol. It 'samen' is fuort. Elke kear as ik de slogan hingjen sjoch, tink ik: synysker kin it hast net. Der is gjin bewiis foar wat de jûnsklok betsjut foar it tal besmettingen (en ik kin dus ek net sizze dat it net wurket).

Ut ûndersyk fan De Volkskrant die in pear wiken lyn al bliken, dat der nei de ynfiering fan de jûnsklok nei njoggenen hast net minder ferpleatsingen binne as dêrfoar: we giene jûns al nearne hinne. Fansels. En no ha we de bespotlike fertoaning fan in regear dy't de maatregel wetlik net goed regele hat. Hoe kinst dan noch solidariteit ferwachtsje.

De coronaregels en it faksinaasjebelied binne ûnsjoch. Krekt as it soarchbelied yn dit lân. Tusken de twa dielen fan de slogan stiet in fermannichfâldigjen- teken; corona komt net ûnder kontrôle as it 'samen' útinoar leit. En dat leit it no. Wat de útkomst moarn ek wurdt: it wurdt tiid foar wat oars. Foar perspektyf, en foar in nije mienskiplike oanpak. Dat hawwe wy 'samen' wol fertsjinne: de pleinen fan Nederlân bleaune tiisdeitejûn gewoan leech."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)