Lelyline noch fier fuort troch coronakrisis en gebrek oan ienheid

18 feb 2021 - 11:00

De finansjele gefolgen fan de coronakrisis en it gebrek oan noardlike ienheid dwersbongelje de komst fan de Lelyline. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord. De kâns dat in nij kabinet fiif oant tsien miljard útlûkt foar de flugge treinferbining mei it Noarden is net bjuster grut. De Lelyline stiet prominint yn de ferkiezingsprogramma's fan njoggen partijen, mar dat is gjin garânsje dat de yn it Noarden sa winske spoarline der ek echt komt.

It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe lâns de A6 en A7 - Foto: Omrop Fryslân

Sa jout CDA-prominint Pieter Omtzigt by it Noardlike Listlûkersdebat al in foarwarskôging. "Dat heeft te maken met de situatie waarin wij ons als land bevinden", seit hy. "Ik zie dat er een heleboel politieke partijen zijn die niets liever doen dan zoveel mogelijk beloven, terwijl we ons in de diepste economische crisis bevinden. In alle eerlijkheid: het zit er op dit moment niet altijd in."

De finansiering fan de Lelyline is dan ek fiere fan in útmakke saak. De line wurdt yn de saneamde 'Ontwikkelagenda Toekomstbeeld OV 2040' fan demisjonêr steatssekretaris Stientje van Veldhoven (D66) net sjoen as in needsaaklike ynvestearring, wylst de kosten yn dit plan fan it ministearje fan Ynfrastruktuer tusken de 5 en 10 miljard skat wurde.

Groeifonds

Boppedat komt de Lelyline foarearst net yn oanmerking foar in bydrage út it Nationaal Groeifonds, wêryn't 20 miljard euro sit. By de earste faze foar it Groeifonds binne fjirtjin projekten oanmurken as opsje, dy't in ynvestearring freegje fan 25 miljard. Mei oare wurden, it Groeifonds is yn dizze faze al oertekene en de Lelyline sit dêr net by. De Lelyline wurdt oanmurken as 'ûnfolslein plan'. Op it Groeifonds hoecht de Lelyline net te rekkenjen, ta frustraasje fan direkteur Ton Schroor fan VNO-NCW Noord.

"Ik constateer dat dit bijzonder zwak is aangepakt door het ministerie van Infrastructuur", seit hy. "Dat bijvoorbeeld het doortrekken van de NoordZuidlijn wel in het Groeifonds zit en de Lelylijn niet, wijt ik toch aan het gebrek aan enthousiasme en de besluiteloosheid van het ministerie."

Zuiderzeeline

De kosten en de politike wil wiene yn 2007 ek de redenen wêrom't de Zuiderzeeline, de foarrinner fan de Lelyline, ôfsketten waarden. Yn Den Haag brokkele it politike draachflak fan de Zuiderzeeline ôf, doe't bliken die dat de kosten net opwoegen tsjin de maatskiplike baten. It Noarden krige as goedmakker in kompensaasjepakket, de saneamde RSP-jilden.

Dat de Lelyline yn ferskate ferkiezingsprogramma's neamd wurdt, is wichtich, mar je moatte it ek net oerskatte, stelle meardere noardlike bestjoerders dy't destiids by de lobby foar de Zuiderzeeline belutsen wiene. ""Dat het in de programma's genoemd wordt is goed, maar het gaat erom wat Den Haag besluit", stelt ien fan harren.

Lobby

De lobby foar de Zuiderzeeline waard begjin dizze iuw ferrjochte troch in fêst team fan de kommissarissen fan de Keninginne en deputearren fan de provinsjes. Sy stimden de wizers fan de klok regelmjittich mei inoar ôf, fierden de drok rjochting Den Haag op en fielden oan: der is gjin momint om te ferslopjen, it moat no barre. Doe't de Zuiderzeeline der net kaam krige it Noarden nei hurde ûnderhannelingen 2,2 miljard euro fan it Ryk. Dat is no oars, tsjûge de opstelling fan de noardlike provinsjes. De ferantwurdlike deputearren hawwe oerlis mei inoar oer de Lelyline, mar dat is it dan ek.

"Er liggen twee goede opties op tafel", seit de Drintske deputearre Cees Bijl yn Cassata by Radio Drenthe. "En als ik voor het evenwicht net zo vaak de optie via bestaand spoor moet noemen dan anderen de Lelyline, heb ik nog heel wat spreekbeurten tegoed." Deputearre Fleur Gräper (Groningen) seit yn de RTV Noord-podcast Voorwaarts Voorwaarts dat beide opsjes op tafel lizze. "Voordat de Lelylijn er ligt, ben je 10 tot 15 jaar verder. Maar je gaat niet 10 tot 15 jaar wachten, je kunt dan nog veel doen aan de bestaande verbindingen."

Noardlike kar

VNO-NCW-direkteur Ton Schroor, partijgenoat fan Gräper, bestriidt dy politike gedachte, sa liet hy koartlyn witte. "Er is een stevige noordelijke keuze nodig", mient Schroor. "Je kunt niet langer op beide paarden wedden. Den Haag gaat niet én geld uittrekken voor versnellen van het bestaande spoor én voor de Lelyline. Drenthe moet compensatie geboden worden."

Ek âld-Keamerlid Pieter Hofstra (VVD) stelt dat de noardlike lobby folle ienriediger moat om it kommen fan de Lelyline ôf te twingen. "Als de noordelijke provincies niet gezamenlijk optrekken in de lobby voor de Lelyline, wordt het niks", fynt Hofstra.

Ald-Keamerlid Pieter Hofstra (VVD) sjocht mear yn de Lelyline as yn de Zuiderzeeline

Romte yn Noard-Nederlân

De Lelyline is net allinnich in politike diskusje, ek leit it de fraach op tafel hoe't der omgien wurde moat mei de romte yn Noard-Nederlân. Dat sit foar in part yn de rânebetingsten foar in suksesfolle Lelyline. In helberheidsstúdzje dy't yn 2020 útkaam stelde dat der minstens 100.000 wenningen byboud wurde moatte, wol de Lelyline rendabel wêze.

"Friesland en Groningen moeten serieus kijken naar scenario's voor verdere verstedelijking", leit haadûndersiker Manus Barten út. "Groningen zou kunnen groeien van 205.000 tot 340.000 inwoners. Daarmee wordt het een stad ter grootte van Utrecht. Drachten zou kunnen groeien van 52.000 naar 84.000 inwoners, evenveel als Assen. Heerenveen wordt met een Lelyline een echte poort naar het noorden en groeit van 39.000 naar 89.000 inwoners."

It is de fraach hoe realistysk en winsklik oft dizze ferstedsking yn it noarden is, sa seit it selde helberheidsûndersyk. Al wie it mar om't 100.000 ekstra wenningen mear is as oan befolkingsgroei foarsein wurdt troch it Planbureau voor de Leefomgeving.

Ko-finansiering

Weromkommend op de finansiering is it fan krúsjaal belang dat Noard-Nederlân soarget foar ko-finansiering. By de ferlinging fan de NoordZuidlijn lei de regio Amsterdam goed in miljard euro op tafel. Belutsenen by de lobby fan de Zuiderzeeline wize derop dat de noardlike provinsjes en de provinsje Flevolân ek by de Lelyline in substansjeel bedrach op it kleed lizze moatten, om Den Haag sjen te litten hoe grut oft de noardlike wil is. "Zonder cofinanciering wordt het niks", lit ien fan de bestjoerders fan doe witte.

VNO-NCW Noord en deputearre Avine Fokkens (Fryslân) stelle dat kofinansiering net in spikerhurde munt hoecht te wêzen, mar dat it keppele wurde moat oan oare kânsen. "Wat we aanbieden is ruimte, we betalen in natura op dat punt", stelt Fokkens. "Daarnaast denk ik dat er wel degelijk gekeken moet worden wat er mogelijk is om de harde pecunia op tafel te krijgen. Namens Friesland ben ik geneigd om te zeggen: daar wil ik zeker naar kijken."

Europa

Nei Europa gean klinkt oantreklik, mar de praktyk is stribberiger. PvdA-Europarlementariër Vera Tax lit witte dat Europeeske fûnsen net fluch nige wêze sille foar in ynvestearring yn de Lelyline. "Het TenT-transportfonds subsidieert alleen internationale projecten", lit se witte. De Lelyline is in nasjonaal projekt en komt dus net yn oanmerking.

Op nasjonaal nivo wurdt it dus ek lestich. De stipepakketten foar ûndernimmers yn de coronakrisis soargje derfoar dat it jild yn koarte tiid fluch ferdampt. Minister Wopke Hoekstra (CDA) sei ferline jier tsjin RTL Z nije besunigingen net út te sluten. Gjin goed foarteken foar de Lelyline, dy't neffens it ministearje fan Ynfrastruktuer minimaal fiif miljard euro kostje moat.

De kâns dat de Lelyline in selde lot oandien is as de Zuiderzeeline, is dan ek libbensgrut.

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de Lelyline

Ferslachjouwers fan Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe hawwe mei tsientallen (lanlik) âld-bestjoerders, bestjoerders, politisy en wittenskippers sprutsen oer de mooglike komst fan de Lelyline.

Sjoch foar al ús nijs oer de Lelyline op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)