Jierlikse greidefûgelgearkomste dit jier oars as oars

De jierlikse greidefûgelgearkomste fan bygelyks de provinsje, natuerorganiaasjes, boere-organisaasjes en it Bond van Friese Vogelwachten tongersdeitejûn is dit jier wat oars as oars. Fanwegen it coronafirus is de kennisdei dit kear digitaal en op in jûntiid.
Unrêst by de greidefûgels. © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Gewoanwei meitsje we der in hiele dei fan, dus moarns en middeis, en dan sitte we earne yn it midden fan Fryslân. Dan hawwe we ek in binnen- en in bûtenprogramma", fertelt Durk Durksz, deifoarsitter fan de gearkomste. "Mar dat kin dit jier net, dus doe moasten we wat oars betinke."
De gearkomste net trochgean litte, wie gjin opsje. "It is hiel wichtich om it mei elkoar te hawwen oer de greidefûgel en de nijste ûntwikkelings. It is dit jier ek de fyftjinde kear, dus it is ús tredde lustrum. Dêrom hawwe we derfoar keazen om it digitaal te dwaan."
Wat dit jier wol oars is, is dat de gearkomste jûns hâlden wurdt, sadat de dielnimmers harren wurksumens oerdeis ek gewoan trochgean litte kinne.

Fiif sprekkers

It programma begjint tongersdei om 19.30 oere en wurdt iepene troch natuerdeputearre Douwe Hoogland. Dêrneist komme âld-boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone oer it skrieze-oanfalsplan, Jan Roodhart fan Natuurmonumenten, in greidefûgelboer, Rendert Algra fan Stichting Agrarisch Natuurfonds Fryslân en Eddy Wymenga fan ekologysk ûndersyksbedriuw Altenburg en Wymenga oan it wurd.
Besikers kinne trije fan de fiif sprekkers folgje, mar hoege net yn de keuzestress te sjitten: alle sprekkers wurde opnaam en binne werom te sjen.
Durk Durksz, deifoarsitter fan de greidefûgelgearkomste