Tekoart oan soarchpersoniel: "Fan eltse 100 meiwurkers binne der njoggen siik"

18 feb 2021 - 06:43

It tekoart oan soarchpersoniel yn ferpleechhuzen, de thússoarch en soarch oan minsken mei in beheining wurdt hieltyd grutter. Yn Fryslân binne 340 minsken tekoart yn de soarch, wylst dat yn desimber krekt wat mear as 200 wiene. Troch it coronafirus groeit de druk op de soarchynstânsjes.

Foto: Shutterstock

Wurkjouwersferbân ZorgpleinNoord stiet yn goed kontakt mei de organisaasjes dy't by har oansletten binne. "In december hadden we iets meer dan 200 paar handen tekort in Fryslân en dat zit nu ongeveer op een tekort van 340 mensen. Dus daar is wel een behoorlijke stijging in gekomen", fertelt Matthijs van Walsum fan ZorgpleinNoord.

De groei oan tekoart fan personiel yn dizze perioade komt net allinnich troch de twadde weach fan it coronafirus. "Het kan ook komen door werkdruk", seit Van Walsum. Foarsitter fan it RONAZ (Regionaal Overleg Niet Acute Zorg) Bert Bokma slút him dêrby oan. "Het personeel staat enorm onder druk."

"Het landelijke ziekteverzuim ligt op dit moment tussen de 8 en 9 procent en dat geldt ook voor Fryslân. Dat zijn hoge aantallen, want dat betekent dat op iedere honderd medewerkers, zijn er acht of negen medewerkers ziek", fertelt Bokma. Gewoanlik sit it persintaazje syktefersom tusken de 5 en 6 persint.

Swarte senario

"Wij maken ons zorgen. Het is geen luxe situatie waar we nu in zitten. We horen dagelijks schrijnende gevallen van organisaties die echt kampen met problemen: om roosters rond te krijgen, mensen die op hun tenen lopen en uitval van personeel." De organisaasje docht der alles oan om it 'swarte senario' foar te kommen.

"Het zwarte scenario komt er in feite op neer dat organisaties de zorg die ze moeten bieden niet meer kunnen bieden. In het ergste geval gaat het dan ook om keuzes die je moet maken over welke mensen wel of niet behandeld worden", leit Van Walsum út.

Foarsitter fan it RONAZ Bert Bokma

ZorgpleinNoord sjocht in oplossing yn studinten dy't helpe kinne yn de soarch. Mei in nije kampanje dy't tongersdei úteinset, moatte de studinten oanlutsen wurde.

"Wij hebben gemerkt dat mensen die vroeger in deze sector werkten en zich eerder al konden aanmelden, dat heel veel dat al hebben gedaan, maar we merken ook dat het minder wordt. Mensen hebben het al gedaan of willen of kunnen niet en daarom richten wij onze pijlen nu op studenten." Foar de kampanje úteinset is, hawwe 25 studinten har al oanmeld.

Studinten fan mbû, hbû of universiteit út it twadde, tredde of fjirde jier fan harren stúdzje kinne har oanmelde. Wol moatte sy in oplieding yn de soarch dwaan.

Matthijs van Walsum, teamlieder kommunikaasje ZorgpleinNoord

(Advertinsje)
(Advertinsje)