Fryske ûnderwiis bliid mei ekstra jild út Den Haag: “Mar earst moatte de bern wer nei skoalle”

Der is noch in soad ûndúdlik, mar it is in flinke stap yn de goeie rjochting. Dat is wat Fryske ûnderwiisbestjoerders fine fan de miljarden dy't it kabinet útlûke wol foar it fuortwurkjen fan de ûnderwiisefterstannen troch it coronafirus. Mar om dêrmei begjinne te kinnen, moatte de learlingen en studinten earst wer werom komme op skoalle, sa warskôgje sy.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Woansdei waard bekend dat der goed 8,5 miljard euro beskikber komt foar it ûnderwiis. Hast 6 miljard dêrfan is foar it basis- en middelber ûnderwiis. "It is in hiel soad jild, mar net alles is mei jild op te lossen", sa seit bestjoersfoarsitter Folkert Bangma fan Piter Jelles en Simon Vestdijk. "Dochs bin ik hiel wiis mei dit beslút fan it kabinet om't ik fyn dat se hjirmei oanjouwe dat se each hawwe foar de grutte problemen dy't der binne."

Inoar allinne kenne fan online

Bangma makket him benammen soargen oer de earsteklassers. "Sy hawwe eins allinich noch mar by inoar west yn in online omjouwing. Se misse dus hiel bot it sosjale kontakt fan mei inoar yn in klasse sitte en mei elkoar gearwurkje. Dat sil behoarlik wat tiid freegje om dat wer goed te krijen."
Neffens Bangma is it lykwols te betiid om al te sjen oft mei dit jild alle problemen op te lossen binne. "De measte fan ús learlingen sitte noch altyd thús en dêrtroch witte wy ek noch net krekt hoe't elts fan dy learlingen der foar stiet. Dat sille we besjen moatte as se wer op skoalle sitte en dat freget ek echt maatwurk."
Folkert Bangma fan Piter Jelles en Simon Vestdijk
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ek by it mbû meitsje se harren soargen oer de groep dy't krekt by harren op skoalle begûn is. Wurdfierder Jan Dijksma fan it Friesland College: "De eerstejaars zijn toch een beetje raar binnengekomen. Ze hebben bijvoorbeeld geen examen gehad en ook op andere manier niet echt een afsluiting gehad. En ook het begin op het mbo was anders dan anders. En dat heeft toch psychische gevolgen gehad."
Neffens Dijksma is it mar de fraach oft dat mei dit jild op te lossen is. "Dat gaat nog een hele lastige worden." Dochs binne se ek op it Friesland College wiis mei it jild. "Het erkent in ieder geval dat er van alles aan de hand is en het is een bewijs dat het serieus wordt genomen."

Staazjes noch in probleem

Ien fan de dingen dêr't de mbû's it jild nei alle gedachten foar brûke sille, is it finen fan in oplossing foar de staazjes dy't net trochgean koene, mar dochs in wichtich ûnderdiel binne fan de opliedingen. "Maar er is nog heel veel onduidelijk over waar het geld precies naartoe gaat."
Jan Dijksma fan it Friesland College
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ek bestjoersfoarsitter Erica Schaper fan hegeskoalle NHL Stenden sjocht noch in soad ûndúdlikens oer de ferdieling fan it jild, mar is wol wiis dat der in breed pakket leit foar it folsleine ûnderwiis. "Ik vind het vooral belangrijk dat er niet alleen gekeken is naar onderwijsachterstand, maar bijvoorbeeld ook naar de financiële situatie van studenten."
Ien fan de maatregelen dy't it kabinet yn elts gefal nimt, is it ferleegjen fan it kolleezjejild foar takom jier en in ferlinging fan it studintereisprodukt foar studinten dy't fertraging oprinne. Schaper is der wiis mei, want it hellet de druk der foar guon studinten efkes ôf. "Maar daarnaast lijkt er ook heel veel ruimte te zijn voor echt maatwerk waarbij wij als hogeschool echt zelf kunnen kijken wat het beste is voor de studenten."

Kin noch jierren duorje

It jild betsjut net dat de problemen daliks samar oplost binne. Neffens Schaper sil it noch jierren duorje foardat alles wer normaal wêze sil. "Er zijn stages onderbroken, afstudeeronderzoek kon niet doorgaan, periodes in het buitenland zijn afgeblazen. Dat moet straks allemaal weer op de rit gezet worden."
En ek Schaper sjocht dat de coronaperioade psychyske gefolgen hân hat foar de studinten. "Het is een hele armoedige periode geweest voor onze studenten. Ze hebben heel weinig sociale contacten gehad en het zal ook nog een hele klus worden om ze weer te motiveren."
Erica Schaper fan NHL Stenden