Ljouwert ûndersiket oft sinnepanielen oer parkearterreinen mooglik binne

De gemeente Ljouwert moat ûndersykje oft der ek parkearterreinen geskikt binne foar in oerkaping mei sinnepanielen. Mei in romme mearderheid hat de gemeenteried fan Ljouwert in moasje oannaam, dy't by de fraksjes van de ChristenUnie, D66, GrienLinks, PvdA en CDA wei kaam. De fraksjes tinke bygelyks oan parkearterreinen by it WTC, it nije Cambuurstadion, de Alvestêdehal, sikehûs MCL of supermerken en túnsintra.
© Shutterstock.com (chinasong)
De ambysje fan Ljouwert is om yn 2030 fan it ierdgas ôf te kinnen, mar dêrfoar moat der wol genôch duorsume enerzjy brûkt wurde kinne, stelle de fraksjes. Sy wolle ek net dat der noch mear grien om de stêd hinne ferlern giet mei sinneparken. Mar parkearplakken hearre simmerdeis by de waarmste plakken fan de stêd.
De moasje waard oannaam mei 30 foar en 8 tsjin. De partijen hawwe it kolleezje frege om foar de simmer de resultaten fan it ûndersyk te presintearjen.