SC Hearrenfean mei spektakulêre ûntsnapping tsjin Feyenoord nei heale finale KNVB Beker

17 feb 2021 - 20:39

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn de heale finale fan de KNVB Beker berikt. Yn in spektakulêr duel wiene de Friezen yn it Abe Lenstra Stadion mei 4-3 te sterk foar Feyenoord.

Foto: Orange Pictures

Nei in iepeningsfaze sûnder al te folle kânsen wie it ferdigener Rami Kaib dy't de skoare iepene. Mei in kertier op de klok wie de Sweed meikaam nei foaren wêr't hy in foarset fan Mitchell van Bergen binnensjitte koe.

Beide ploegen wiene goed fiif minuten letter tichteby in treffer. Tibor Halilovic skeat krekt oer de goal fan Nick Marsman. In minút letter makke Leroy Fer mei in kopbal hast de lykmakker, mar syn ynset gie inkelde sintimeters neist. Op slach fan it skoft skoarde Henk Veerman wol. Nei yngripen fan de VAR waard syn doelpunt lykwols ôfkard.

Linssen makket gelyk

De Rotterdammers kamen nei de tee goed út de klaaikeamer. Noch gjin twa minuten nei de ôftraap foar de twadde helte makke Bryan Linssen gelyk. De oanfaller krige in skot fan Jens Toornstra op syn knibbel en dêrop hie doelman Erwin Mulder gjin antwurd. Guon spilers fan Hearrenfean tochten oan bûtenspul, mar nei it sjen fan de bylden die bliken dat dêr gjin sprake fan wie.

De ultime kâns op in foarsprong foar de ploech fan trainer Johnny Jansen kaam yn de 53e minút fan de penaltystip ôf. Skiedsrjochter Siemen Mulder kende dy ta nei't Jan Paul van Hecke troch keeper Marsman op lompe wize ûnderút helle wie. It bûtenkânske waard lykwols net benut troch Veerman en ek de rebound fan syn nammegenoat Henk waard op de line keard.

Mentale tik

Krekt nei't Hearrefean op foarsprong komme moast, wie it Feyenoord dat wol skoarde. Steven Berghuis krige de bal yn de sechstjin fan Linssen en koe behearske raak sjitte. Dêrmei like it ferset fan Hearrenfean direkt ferbrutsen, want in pear minuten letter kopte Lutsharel Geertruida in foarset fan Marcos Senesi binnen: 3-1.

Dêrmei like de bút binnen foar de besikers, mar troch in twadde giele kaart foar Berghuis yn de 66e minút kaam de hoop werom by de Friezen.

Spektakulêre einfaze

Dy hoop blike terjochte, want it soe it begjin wêze fan in Houdini-eftige ûntsnapping. Nei in kopbal op de peal fan Henk Veerman brocht ynfaller Benjamin Nygren yn de 81e minút de marzje fia de rebound nei ien. Ek de folgjende goal kaam op namme fan Nygren. Hy kopte de bal rjochting doel, wêrnei't Marsman de bal troch syn hannen glide liet. Dêrmei waard it 3-3 en like de wedstriid in healoere ferlinge te wurden.

Hearrenfean wie lykwols noch net klear. Siem de Jong makke de 4-3 en dêrmei wie de comeback fan de Friezen kompleet. Yn de heale finale fan de KNVB Beker nimt SC Hearrenfean it yn eigen hûs op tsjin Ajax.

De lêste Fryske fuotbalklup dy't de heale finale berikte fan it bekertoernoai wie SC Cambuur yn 2017. AZ wie dêryn nei strafskoppen de sterkste.

Harkje hjir werom nei de hichtepunten fan Hearrenfean-Feyenoord

SC Hearrenfean - Feyenoord 4-3 (1-0): 15' 1-0 Rami Kaib; 47' 1-1 Bryan Linssen; 57' 1-2 Steven Berghuis; 61' 1-3 Lutsharel Geertruida; 81' 2-3 Benjamin Nygren; 3-3 86' Benjamin Nygren; 88' 4-3 Siem de Jong.

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Van Hecke (56' Floranus), Dresevic, Bochniewicz, Kaib; De Jong, Kongolo (65' Schöne), Halilovic (71' Nygren), J. Veerman; Van Bergen, H. Veerman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)