Nederlânsk-Dútske stinzefloara-webside opset mei bloeikalinder

17 feb 2021 - 20:10

Minsken kinne tenei op in webside sjen hokker stinzeplanten op hokker plakken yn bloei steane. Der is in stinzefloara-monitor opset, dêr't histoaryske lokaasjes yn Noard-Nederlân en Noardwest-Dútslân te finen binne. Mei in kalinder kinne minsken útfine wat der yn bloei stiet. Ek is der ynformaasje oer soarten, behear en oare opfallende saken te finen. De webside giet 19 febrewaris online.

Foto: Dico de Klein, It Fryske Gea

It is in inisjatyf fan Stichting Noordelijke Lustwarande, dat yn 2017 opset is foar omtinken foar grien erfgoed en de belangstelling dêrfoar. It wurdt stipe troch provinsje Fryslân, Landkreis Leer en EDR Net(z)werkproject Noordelijke Lustwarande. Efter it projekt sit in netwurk fan eigeners en behearders fan túnen en parken. Op dit stuit binne der 15 lokaasjes ynfierd: 7 yn Fryslân, 4 yn Grinslân en 4 yn Dútslân.

Alle wiken binne der frijwilligers dwaande mei it meitsjen fan foto's en it ynfieren fan ynformaasje. De ynformaasje is likegoed yn it Nederlânsk as yn it Dútsk te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)