Rappere treinferbining tusken Ljouwert-Rânestêd rint fertraging op

17 feb 2021 - 17:50

De rappere treinferbining dy't eins yn 2023 komme soe tusken it Noarden en de Rânestêd, komt der pas yn 2024. It giet om de Intercity-line fan Amsterdam, Lelystad, Zwolle en dan nei Grins en Ljouwert. De levering fan de fluggere, nije treinen rint fertraging op troch de coronakrisis.

Perronnen op it stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Intercity-treinen wurde makke troch de Frânske fabrikant Alstom, mar troch in corona-útbraak is der fertraging mei de produksje. Ek hat it bedriuw te krijen mei karantêne, reisbeheiningen en lette levering fan ûnderdielen.

Steatssekretaris Stientje van Veldhoven sil de NS oansprekke om de ferbining sa rap as mooglik alsnoch yn te fieren.

Trefwurden: 
Ljouwert trein NS intercity
(Advertinsje)
(Advertinsje)