Doarpsbelang Feanwâlden yn noed oer mooglike komst rubberbedriuw

17 feb 2021 - 17:24

Doarpsbelang Feanwâlden sit yn noed oer de mooglike komst fan it bedriuw Rubber Verwerking Nederland nei yndustryterrein De Swette. It bedriuw hat in oanfraach dien foar it opslaan en sortearjen fan rubber, mar út in brief oan omwenners docht ek bliken dat der ek rubber shreddere wurde moat. Oer dat fynmeallen kamen in soad klachten fanwege stank- en lûdsoerlêst op in eardere lokaasje yn Almen. Ek hat it bedriuw him net goed holden oan ôfspraken mei dy Gelderske gemeente, stelt doarpsbelang.

Foto: Shutterstock.com (Evannovostro)

It shredderjen fan rubber 'past helemaal niet op de beoogde locatie,' skriuwt de feriening fan doarpsbelangen Feanwâlden-Feanwâldsterwâl yn in brief oan it kolleezje fan Dantumadiel. It bedriuw woe ek nei in tal oare plakken, mar dy hawwe Rubber Verwerking Nederland ek keard.

Oerlêst

"Wy binne yn oktober attindearre troch in omwenner oer de oanfraach," fertelt Aije Klaren fan it doarpsbelang. "As je it sykje op ynternet krije je allerhanne berjochten oer oerlêst en wegering fan it bedriuw op oare plakken. Dus doe tochten wy: hoe sit it mei stank, lûd, grûnfersmoarging? De oanfraach giet om bânoerslach, mar yn de brief oan omwenners giet it ek om shredderjen. En dat smyt in soad oerlêst op. Dat wolle wy net."

Omwenner Wies Venema skrok bot fan it berjocht fan de mooglike komst. "It terrein stiet leech, dus fansels kin der ris wat oars komme. Mar dit hiene wy net tocht. Wy hawwe it kolleezje al in brief stjoerd oer alle soargen." It is in breed probleem jout sy oan, sa makket sy har ek soargen oer ferkearsoerlêst.

Unlogysk

It doarp hat noch gjin kontakt socht mei it bedriuw. "It is noch in oanfraach. As dy aanst ôfwiisd wurdt, hoege wy ek net te kommunisearjen mei it bedriuw," seit Aije Klaren. "Mar wy binne benaud dat it bedriuw in oanfraach docht foar opslach, wylst der mear barre sil. Feanwâlden is in hiel ûnlogysk plak om te fêstigjen as it giet om allinne opslach. En as it bedriuw hjir ienkear sit, krij it dan mar ris fuort."

Eigener Johan Doornberg fan Rubber Verwerking Nederland wie net berikber foar kommentaar, mar lit witte dat de omwenners yn Feanwâlden kontakt opnimme kinne as sy soargen hawwe.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga mei Aije Klaren en Wies Venema

(Advertinsje)
(Advertinsje)