Teäterfoarstelling earbetoan oan Alvestêdetocht, 25 jier nei lêste edysje

Eksakt 25 jier nei de lêste Alvestêdetocht komt der in teäterfoarstelling oer de tocht. De foarstelling De Laatste Tocht moat in sportyf, muzikaal en literêr earbetoan wurde oan de Alvestêdetocht.
De Alvestêdetocht fan 1997 © ANP
Yn de foarstelling sjogge de winners fan de tocht yn 1997, Henk Angenent en Klasina Seinstra, werom op har winst. Alles wurdt oan elkoar praat troch Evert ten Napel. Fierder komme muzikanten, skriuwers en wittenskippers oan bar.
Der is ek romte foar noch net bekende ferhalen oer de Alvestêdetocht fan 1997, want guon ferhalen binne noch altyd net ferteld. Inisjatyfnimmers en presintatoaren binne Roelof de Vries (Omrop Fryslân) en Roelof de Vries (BNNVARA).
De lêste Alvestêdetocht wie op 4 jannewaris 1997. De Laatste Tocht is fan 7 jannewaris 2022 ôf te sjen yn teäters yn Ljouwert, Grins, Zwolle en Alkmaar.
Roelof de Vries en Roelof de Vries