Enerzjykommissaris: "Fryslân rint foarop mei nijbou gasleaze huzen"

17 feb 2021 - 16:56

Fryslân rint foarop yn Nederlân mei it nij bouwen fan gasleaze huzen. By hierwenningen dogge de Friezen it ek goed, mar it kin in stik flugger yn de besteande bou en dat is yn hiel Nederlân sa. Yn dit tempo wurdt it stribjen om Nederlân yn 2050 enerzjyneutraal te hawwen, net helle. Dat seit enerzjykommissaris Fryslân Bouwe de Boer.

Enerzjykommissaris: "Fryslân rint foarop mei nijbou gasleaze huzen"

Fan alle nijbou yn Fryslân wurdt yn it lêste healjier mear as 95 persint boud sûnder gas. Mei keapwenningen fan partikulieren giet it minder goed. Minsken moatte sels beslute oft se it wolle, it is ûndúdlik en it kin net út. By hierhuzen binne Fryske wenningkorporaasjes hiel drok mei enerzjyneutraal ferbouwen.

Oar byld as CBS

Sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek, dy't woansdei nei bûten kamen, jouwe in oar byld. Mar it CBS seach oant jannewaris 2019 en de Fryske enerzjykommissaris hat de sifers fan it ôfrûne healjier.

Gasfornús - Foto: Shutterstock.com

De Boer ferwachtet de kommende jierren dat it tal gasleaze huzen ferdûbelje sil en dat moat ek wol, oars wurde de doelstellingen net helle.

"Krekt as mei elektryske auto's"

"It is krekt as mei elektryske auto's", seit de enerzjykommissaris. "Yn it begjin wienen der yn Fryslân miskien tsien, no is ien tredde fan de ferkochte auto's elektrysk. Dat giet by huzen ek sa. De kommende fiif jier ferdûbelet it tempo alle jierren. En dan soenen we it miskien wol helje kinne. Mar yn dit tempo net. Der moat in grutte boost komme om dit te fersnellen."

Wat neffens him helpt, is dat it gas hieltyd djoerder wurdt en dat der op gruttere skaal dúdlike standertprodukten foar gasfrije huzen komme.

Wynjewâld

Ien fan de foarbylden dêr't it goed giet, is it doarp Wynjewâld. Dêr rinne se op it mêd fan duorsumens foarop. Ek op it oerstappen nei gasleaze wenningen.

Yn it doarp bestiet sûnt 2015 de koöperaasje WEN (Wijnjewoude Energie Neutraal). Tolve huzen yn it doarp binnen no folslein fan it gas ôf. Neffens Pieter de Kroon hie it in sniebaleffekt. "Seis jier lyn is it earste hûs fan it gas ôf gien. Oaren hawwe dat foarbyld folge. Der is in iepenhuzerûte hâlden en dat hat holpen." En dat allegear sûnder subsydzje, want de minsken stekke inoar gewoan oan," seit Kroon.

2000 euro de húshâlding

De enerzjykoöperaasje Wynjewâld kin yn de takomst folle mear dwaan oan ferduorsuming fan it doarp. Se krije 4,3 miljoen Rykssubsydzje en elke húshâlding kin dêr 2000 euro fan krije om saken duorsum te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)