Twadde Fryske priklokaasje iepenet op 1 maart yn Drachten

17 feb 2021 - 15:55

De GGD Fryslân iepenet op moandei 1 maart in twadde faksinaasjelokaasje yn Fryslân. Dy komt yn it Fries Congrescentrum yn Drachten. De oare lokaasje, dy't al langer iepen is, is it WTC Expo yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De priklokaasje yn Drachten is foar in brede doelgroep, skriuwt de GGD, ek foar âlderein. Hoefolle minsken oft in faksin krije kinne, hinget ôf fan hoefolle faksins oft der beskikber binne en yn watfoar folchoarder de Ryksoerheid faksinearje wol.

De GGD wol úteinlik acht faksinaasjelokaasjes hawwe op it fêstelân. Yn Snits giet ynkoarten ien iepen oan de Akkerwinde 1. Letter komme Dokkum, Frjentsjer, It Hearrenfean, Koudum en Easterwâlde der ek noch by.

(Advertinsje)
(Advertinsje)