Online foarljochting foar nije learlingen: skoalle yn Burgum jout firtuele toer

17 feb 2021 - 15:49

It is in spannende tiid foar bern út groep 8 fan de basisskoallen. Sy moatte ynkoarten beslute nei hokker middelbere skoalle oft se wolle. De foarljochtingen binne dit jier fanwegen it coronafirus eins by alle skoallen alhiel digitaal. By CSG Liudger yn Burgum gean se dêr dizze wike kreatyf mei om.

Digitale foarljochting foar groep 8

De skoalle hâldt dizze wike in digitaal Iepen Hûs foar oankommende earsteklassers. Tiisdeitejûn wie de earste foarljochtingsjûn, kommende tongersdeitejûn stiet noch in momint op 'e aginda. In wichtich ûnderdiel fan de foarljochting is in firtuele toer troch de skoalle, dêr't bern en harren âlden yn 360-graden troch in gebou 'rinne' kinne.

Ferskate aktiviteiten

Neffens Linda Kastelijn, dosinte Ingelsk op it Liudger yn Burgum, hat de skoalle op dizze wize besocht sa ticht mooglik by in fysike foarljochtingsjûn te kommen. "Der binne meardere aktiviteiten foar de bern; opdrachten, online lessen en do kinst fragen stelle. Ik tink dat wy sa in goed byld jouwe fan de skoalle."

Dêr't yn oare jierren de skoalle altyd fol siet mei bern op de iepen dagen, is dat no hiel oars. "Dat is fansels spitich", seit Kastelijn. "Mar wy hawwe besocht om de bern itselde mei te jaan as oars. It persoanlike petear kin wol gewoan trochgean, al is dat dan digitaal."

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
(Advertinsje)
(Advertinsje)