Auto bedarret yn de sleat oan Feantersdyk by Garyp: bestjoerder útnaaid

Op de Feantersdyk by Garyp is in auto fan de dyk rekke. De auto kaam mei de kont yn in sleat telâne. Doe't de helptsjinsten op it plak kamen, wie de bestjoerder net mear oanwêzich. Der wie foar de wissichheid ek in traumahelikopter oproppen.
© Noordernieuws/De Vries Media
Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.