Makkumer werf De Vries Scheepsbouw ticht nei corona-útbraak: tsientallen besmettingen

17 feb 2021 - 22:00

Skipswerf De Vries Scheepsbouw yn Makkum giet trije dagen ticht, omdat der in corona-útbraak is op de werf. It giet om tsientallen besmettingen. Op it hiele bedriuw wurkje 400 minsken. Alle meiwurkers wurde sa gau as mooglik test. "Dit is een ingrijpend besluit, maar de gezondheid van onze collega's en omgeving staat altijd op de eerste plaats," lit werfdirekteur Sijbrand de Vries witte.

Foto: Google Street View

Neffens De Vries is der goed kontakt mei de GGD, in bedriuwsdokter, in arbeidshygiënist en en feiligenssaakkundige. Neffens harren foldogge de audits fan de werf oan alle rjochtlinen fan it RIVM. "We hebben dinsdag besloten direct in te grijpen om zo te voorkomen dat meer besmettingen plaatsvinden," seit De Vries.

Op moandei 22 febrewaris moat de werf wer iepenje. De meiwurkers dy't twa kear in negative útslach fan in coronatest foarlizze kinne, meie dêrnei wer oan it wurk. De Vries Scheepsbouw Makkum bout motorjachten ûnder de namme Feadship. It bedriuw falt ûnder de Groep Koninklijke De Vries Scheepsbouw, mei ferskate bedriuwslokaasjes.

Teste: "Enorme operatie"

De lêste dagen seach De Vries it oantal besmettingen sterk tanimmen. "Het leek ons het allerbeste om de werf enkele dagen te sluiten en de mensen te testen. Twee keer: vandaag en zondag. Bij twee negatieve testen en geen klachten mogen de werknemers zich weer melden. Er moeten bijna 400 mensen worden getest. Het is een enorme operatie. Het is wel zo dat niet iedereen hier in de directe omgeving woont, dus het testen is wel verspreid over het noorden."

Neffens de berjochten dy't de direkteur krigen hat, lykje de gefolgen noch ta te fallen foar de besmette meiwurkers. "De meeste klachten lijken gelukkig mild, laten we hopen dat het zo blijft. We hebben heel veel regels al op de werf, met betrekking tot afstand houden, mondkapjes, eenrichtingsverkeer. We hebben drie kantines in plaats van één, tenten waar we eten en koffiedrinken. We hebben twee toezichthouders. Dus we zitten er meer dan maximaal bovenop."

Direkteur Sijbrand de Vries fan De Vries Scheepsbouw

(Advertinsje)
(Advertinsje)