RIVM meldt sechstjin nije stjergefallen troch corona yn Fryslân

17 feb 2021 - 15:20

It RIVM meldt woansdei 112 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der seis minder as tiisdei, doe wiene it der 118. De ôfrûne wike wurde gemiddeld alle dagen 167 besmettingen meld. Dat it tal besmettingen woansdei relatyf leech útfalt, komt diels trochdat de testlokaasjes moandei in skoft ticht wienen. It tal stjergefallen is wol heger as oait.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert, mei 40. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (14), Achtkarspelen (7) en Eaststellingwerf (7).

Sechstjin stjergefallen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren sechstjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om sân ynwenners fan Ljouwert, twa yn Súdwest-Fryslân, twa yn Tytsjerksteradiel, ien yn Achtkarspelen, Weststellingwerf, Noardeast-Fryslân, De Fryske Marren en Dantumadiel.

Net al dy sechstjin stjergefallen binne fan de ôfrûne dei. In soad besmettingen wurde letter meld. De ôfrûne sân dagen binne 35 besmettingen meld. De wike dêrfoar wienen dat der 39.

Der binne ek trije Friezen yn it sikehûs opnaam mei it coronafirus. It giet om minsken út de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Smellingerlân.

Lanlik lyts bytsje ûnder trochsneed

Lanlik binne der 3.416 nije coronagefallen meld. Dat is in lyts bytsje ûnder it deistige trochsneed fan de ôfrûne wike.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)