HEA! Kreatyf mei snie

17 feb 2021 - 14:49

It materiaal makket him net safolle út. Oft it no sân, iis of snie is: Jeroen Advocaat pakt de kettingseage en makket der in byld fan. Hy is ien fan de dielnimmers fan it SBS6-programma IJsmeesters. No't der safolle snie leit, reizget er ôf nei Garderen om in grut byld fan snie te meitsjen. Want op de Veluwe is hiel wat mear snie fallen as yn Fryslân. Maxim Gazendam is drok dwaande mei it bouwen fan in iglo.

HEA! Kreatyf mei snie

(Advertinsje)
(Advertinsje)