Harns krijt byldbepalend keunstwurk fan fjirtjin meter heech oan de kust

17 feb 2021 - 22:02

It megagrutte keunstwurk 'Broken Jug' fan de wrâldferneamde keunstner Frank Stella komt yn Harns te stean. It wurk stiet al mear as twa jier op de yndustryhaven te wachtsjen op in plak. It is fjirtjin meter heech en 45 ton swier. Harns krijt it wurk yn brûklien.

Wethalder Erik de Groot oer it keunstwurk

Joop Mulder woe it byld graach yntegrearje yn it ferhaal Sense of Place. Dochs barde der dêrnei net folle, mar no krijt it wurk definityf in plak yn Harns. It komt te stean by de Tjerk Hiddessluzen, by de útgong fan it langparkearterrein. Dêrmei wurdt it in soarte fan poarte nei de stêd.

De ferneamde Amerikaanske keunstner Frank Stella hat it ûntwurpen. Al yn 2001 makke er in begjin mei it wurk, dat bedoeld wie om yn Miami by in stadion te kommen. Dêr ha se it wegere. Dêrnei soe it yn Cherbourg (Frankryk) komme, mar jild wie de spulbrekker. It soe trije miljoen kostje om it oan te keapjen, mar dat woenen se dêr net.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Byld fertsjinnet moai plak

It soe dêrnei nei de Feriene Steaten om ôfmakke te wurden, mar Joop Mulder fan Sense of Place krige der lucht fan. Hy woe hiel graach dat it keunstwurk in plak yn Fryslân by de Waadkust krije soe. Mulder hat praat mei de gemeenten Harns en Súdwest-Fryslân. Neffens Hein Kuiken, doe noch wethâlder fan Harns, fertsjinnet it byld in moai plak.

Frank Stella sels fûn it plak oan de Waadsee ek tige geskikt foar syn keunstwurk. Hy hat op besite west yn Harns, dat er "wonderful" fûn. "It feels very comfortable with the ocean, it is very nice. I grew up in a place with the water like this in America, Massachusetts."

Frank Stella wie twa jier lyn alris yn Harns:

Wethâlder Erik de Groot is wiis mei it keunstwurk, it moat Harns wer in 'boost' jaan. "Het komt echt aan de kop van het parkeerterrein: zo krijg je een mooie uitstraling voor het parkeerterrein en de stad. De bedoeling is dat het onderdeel wordt van de looproute van het terrein naar de terminal."

Ferslachjouwer Simone Scheffer en wethâlder Erik de Groot fan Harns

De Groot jout wol oan dat de gemeenteried noch grien ljocht jaan moat. "Er moet nog wel geld beschikbaar gesteld worden door de raad. Die laatste horde moeten we nog slechten. De gebruikers van het parkeerterrein betalen uiteindelijk ook de kosten van de investering, dat is de bedoeling. We betalen wel een jaarlijkse vergoeding, maar voorlopig is er eerst een investering voor het plaatsen op het parkeerterrein nodig."

Stella is wrâldferneamd en in grut keunstner yn de Feriene Steaten. Yn 2009 krige hy út hannen fan de doetiidske presidint Barack Obama de National Medal of Arts. Dat is de heechste ûnderskieding yn Amearika yn de keunstwrâld.

Trefwurden: 
Harns keunstwurk Frank Stella
(Advertinsje)
(Advertinsje)