Snitser hockeyklup SMHC krijt nij haadfjild

De Snitser hockeyklup SMHC krijt in nij haadfjild oan it sportkompleks Tinga. It fjild dat der no leit, is al fan 2003 en is 'ôf'.
© Shutterstock
It nije type fjild, in saneamd wetterfjild, ferfangt it sân-ynstruide fjild dat der no leit. De beneaming wettefjild ferwiist nei de laach wetter dy't derop sproeid wurdt foar't derop spile wurde kin. It wurdt ek brûkt troch kuorbalklups op it heechste nivo, om't it gjin brânwûnen feroarsaket.
De kosten fan it fjild en oar wurk oan it sportpark wurde rûsd op 550.000 euro. De gemeente jout 440.000 euro. It leafst hie de hockeyklup in tredde fjild krigen, mar dêrfoar wie gjin romte. SMHC hat 500 leden.