Behear en skeabestriding guozzen wer tastien

Guozzen meie yn Fryslân wer ferjage en ôfsketten wurde. Ferline wike jilde der in ferbod op it bestriden fan de paugoes, blesgoes en skiere goes yn ferbân mei it winterwaar. De provinsje hat dat ferbod per direkt ynlutsen. Dêrmei komt it ferbod op it ferjeien fan wetterfûgels ek te ferfallen.
© Henk Bootsma
It útstellen is net mear nedich, omdat de gruttere wetters foar it grutste part of folslein frij binne fan iis en der gjin winterwaar mear ferwachte wurdt. Dêrtroch kinne guozzen en wetterfûgels wer genôch rêstplakken op it iepen wetter fine en is harren iten wer berikber.