Cambuur Sjoernaal: Sels winne fan TOP Oss en Almere City ferliest

17 feb 2021 - 13:39

Cambuur is in searje fan trije wedstriden yn sân dagen begûn mei in 3-0 oerwinning op TOP Oss. It bleau lang 1-0 foar de Ljouwerters, mar yn de einfaze waard it ferskil mei TOP Oss ta utering brocht. De oerwinning bringt Cambuur wer allinnich op kop yn de Keuken Kampioen Divisie. Almere City ferlear fan Helmond Sport. Cambuur hat no 56 punten út 23 wedstriden. De Graafschap is de nûmer twa mei 53 út 24 en Almere City tredde mei 50 út 23. Yn it Cambuur Sjoernaal wiidweidich omtinken foar de wedstriid Cambuur-TOP Oss.

Cambuur Sjoernaal: Moaie tiisdei

(Advertinsje)
(Advertinsje)