Boargemaster fan Harns makket him grutte soargen oer brannen: "Dit moet stoppen"

17 feb 2021 - 14:16

De gemeente Harns makket him grutte soargen oar it grutte tal brannen fan de lêste tiid yn de stêd. Woansdeitemoarn noch gie in carport yn flammen op, ferline wike waarden auto's yn de brân stutsen. De plysje set alles op alles om de dieder of dieders te pakken te krijen.

Bran Harns

It hâldt net op. Wy hawwe al in rige achter de rêch fan autobrannen. Mear as ien kear is besocht in wenning yn de brân te stekken en dan no wer in útbaarnde carport, sa makket boargemaster Sluiter de tryste balâns oant no ta op. "Dit moet stoppen."

De boargemaster snapt dat de bewenners ûngerêst binne. De plysje set alles op alles om de dieder(s) op te spoaren. It hat prioriteit nûmer 1. Wat de plysje krekt docht, kin er yn it belang fan it ûndersyk net sizze. Undersyk nei brânstichting is dreech, omdat de spoaren ek mei ferbaarnd binne.

Foto: SRFotografie

De brannen sieten earst yn de Oosterparkwyk, mar binne no rûnom yn de stêd. Sluiter fynt it hiel slim dat de brânstichter ek libbens fan minsken yn gefaar bringt. De brân yn de carport hie oerslaan kinnen op it hûs.

De boargemaster ropt de Harnzers op fertochte situaasjes foaral te melden yn de buertappgroepen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Karen Westerdaal is der noch hieltyd kapot fan. Tiisdeinacht gong har carport yn flammen op. "Met daarin mijn invalidewagen en opvouwbare scootmobiel. Mijn enige vervoersmiddelen en mijn levenswerk." Neffens har is de skea mear as 20.000 euro.

Om 3.30 oere nachts skrok se wekker fan in knal. "Toen explodeerde de auto. Ik ben met mijn man en twee kinderen naar buiten gerend. Wat we toen zagen was chaos. We zijn erg geschrokken, we zijn nog steeds bibberig", fertelt se.

De resjerzje hat fuortendaalks in ûndersyk ynsteld. "Ik hoop dat ze de daders snel pakken, Een stelletje lafaards. Het had niet veel gescheeld of we hadden het niet overleefd."

Trefwurden: 
Harns brân Roel Sluiter
(Advertinsje)
(Advertinsje)