Grutte ravaazje yn Ljouwerter Club Red nei ynstoarten plafond; 50.000 euro skea

17 feb 2021 - 12:10

It plafond fan Club Red yn Ljouwert is ynstoart nei't beferzen liedings skuorden. It is in grutte ravaazje by de diskoteek en de skea rint op ta 50.000 euro. In grutte klap neffens de eigeners, want de skea wurdt net folslein fergoede troch de fersekering en jild foar reparaasje is der net.

Grutte ravaazje yn Club Red nei ynstoarten plafond

"Zondagmiddag om twaalf uur kwam ik aan en op de parkeerplaats stroomde het water er al uit", fertelt klupeigener Simon Skarey. "Toen dacht ik al: dit is niet goed. Het was afgelopen week 's nachts -8 en waarschijnlijk is een waterleiding in het plafond bevroren en gebarsten. Toen het ging dooien, is het water gaan stromen." It plafond boppe it VIP-diel beswiek ûnder de druk fan it wetter en stoarte yn.

Club Red helle yn it ferline de wrâldferneamde artyst Chris Brown nei Fryslân ta. Yn 2020 soe de like ferneamde Amerikaanske rapper Nelly der optrede. De flier fan de klup leit no besiedde mei pún en wetter. De skea sit net allinnich yn it plafond. "Boven de plafonds zit de lichtbesturing. De bar en de VIP-banken zitten er ook onder. De vloer is van hout en die gaat waarschijnlijk uitzetten", sommet Skarey op. De skea wurdt skat op sa'n 50.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Skarey hat kontakt opnaam mei de fersekering, mar dy dekt de skea net folslein. Wêr't it jild om de skea mei te reparearjen wei komme moat, is in riedsel, want dat is der simpelwei net. "Ik word hier wel moedeloos van", seit Skarey. "We waren al een jaar dicht en dan krijg je dit er nog eens bij."

Gelokkich is it kontakt mei de eigener fan it pân goed. "Hij doet heel veel water bij de wijn voor ons. Als hij dat niet deed, was het allang voorbij geweest voor ons."

Freonen fan Skarey hawwe yntusken in crowdfundingsaksje opset om jild yn te sammeljen. "Daar wist ik helemaal niks van. Vrienden hebben die actie opgestart, heel lief van hen. We gaan kijken hoever we ermee komen. Maar iedere euro is mooi meegenomen."

Eigener Simon Skarey fan Club Red

(Advertinsje)
(Advertinsje)