Autofersekering yn Fryslân flink djoerder troch tanommen kriminaliteit

17 feb 2021 - 11:27

Ynwenners fan Fryslân hawwe yn 2020 gemiddeld hast 12 persint mear betelle foar harren autofersekering as yn 2019. Wichtichste ferklearring dêrfoar is tanommen kriminaliteit oangeande auto's.

Foto: CAMJO media / Stefan Postema

Yn 2020 betellen Friezen gemiddeld 71,75 euro de moanne foar harren autofersekering. Yn 2019 wie dat noch mar 64,23 euro de moanne. Dat is in stiging fan 11,7 persint. Allinnich yn Seelân rûnen de preemjes hurder op (15,5 persint). Gemiddeld giene de preemjes yn Nederlân mei sa'n 3 persint omheech.

Mear kriminaliteit

"De belangrijkste verklaring hiervoor is dat verschillende vormen van criminaliteit rondom voertuigen toenemen in Fryslân", seit Amanda Bulthuis fan Geld.nl, de finansjele ferlikingsside dy't it ûndersyk útfierde. Tusken 2019 en 2020 naam it oantal stellen weinen bygelyks ta fan 230 nei 265, sa docht bliken út sifers fan it Landelijk informatiecentrum Voertuigcriminaliteit.

Dêrneist blykt út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) en it Verbond van Verzekeraars dat it oantal autobrannen en fernielings fan auto's yn Fryslân de lêste jierren tanimt. De kâns op dit soart autoskea is dus grutter wurden yn Fryslân, wêrtroch't autofersekerders de preemjes hjir ferheegje.

Oerstappe

Neffens Bulthuis kinne autobesitters noch wol besparje op harren fersekering, om't de preemjeferskillen tusken de fersekerders grut binne. It ferskil tusken de leechste en heechste preemje is al gau in pear hûndert euro yn it jier. "Het loont dus om regelmatig te controleren of jouw autoverzekeraar nog wel de laagste premie heeft of dat je misschien beter kun overstappen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)