Provinsje ferlinget coronastipe foar lytsere bedriuwen

17 feb 2021 - 10:44

De provinsje Fryslân ferlinget de corona-regeling fan de Fryske Ontwikkelingsmaatskippij FOM oant de ein fan dit jier. De regeling 'Ondernemers Impuls Fryslân' is benammen bedoeld foar lytsere bedriuwen dy't dreech jild by de bank liene kinne.

Foto: Omrop Fryslân

Bedriuwen dy't foar de coronaregeling finansjeel sûn wiene en no bûten harren skuld tusken wâl en skip driigje te fallen, moatte harren foaral melde by it loket Yn Business yn Ljouwert, seit deputearre Sander de Rouwe. Dat hat in totaaloersjoch fan hoe't it mei de Fryske ekonomy en de ûndernimmers giet. "Sy kinne dy sinjalen oerbringe nei it Ryk en nei organisaasjes lykas VNO-NCW en MKB Nederland. Dy sitte oan tafel mei it regear. Oant no ta sjogge wy dat dy sinjalen, as se mar boppekomme, oernaam wurde troch it regear."

Provinsje wol net wurk fan de banken oernimme

De stiperegeling is benammen bedoeld foar bedriuwen dy't gjin lieningen krije by de banken. Sander de Rouwe seit dat him sinjalen berikke dat de banken net altyd harren wurk dogge. "It is net de bedoeling dat de provinsje it wurk fan de banken oernimt. Mar as se it echt net dogge, moat der wol in fûns wêze dat helpe kin."

De nije regeling fan de FOM is konkreet bedoeld foar de lytsere winkels, hoareka en kappers. "Dy moatte ek rekkenje kinne op stipe fan de provinsje."

Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)