Steatelid Johann Stellema (FVD) stapt 'gedemoraliseerd' út Provinsjale Steaten

Nei âld-fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard ferliest Forum voor Democratie Fryslân in twadde Steatelid. Dokkumer Johann Stellema makke woansdei yn Provinsjale Steaten bekend dat er 'gedemoraliseerd' út de provinsjale polityk stapt.
Statenlid Johann Stellema (FVD) stapt 'gedemoraliseerd' uit Provinciale Staten
Alle rebûlje en ferdieldheid yn syn partij is him net yn de kâlde klean sitten gien, sa fertelde er fia in skerm oan syn kollega-Steateleden. "Ik fyn it muoilik om hieltyd wer oansprutsen te wurden op de wurden en dieden fan in oar. Der wie nei ferrin fan tiid mar ien konklúzje mooglik en dat is om my wer werom te lûken út Provinsjale Steaten", sei Stellema.
De Dokkumer hat bot mei syn beslút wraksele, sa sei er. Hy betanke syn partijgenoaten, de oare Steateleden en de griffy foar 'de moaie tiid' dy't er hân hat yn de Steaten.

Opskuor troch anty-semityske en rasistyske berjochten

Troch anty-semityske en rasistyske útlittings troch de jongerenôfdieling fan Forum van Democratie en ek troch partijlieder Thierry Baudet ûntstie de ôfrûne hjerst grutte rebûlje yn de partij. Rûnom yn Nederlân splitsten Steateleden harren ôf fan de partij. Guon dêrfan sleaten har oan by de nije politike formaasje JA21 fan Joost Eerdmans en Annabel Nanninga.
Yn Fryslân besochten de seis Steateleden fan Forum voor Democratie lange tiid om byinoar te bliuwe. Dat slagge lang om let dochs net. Ald-fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard stiet op de kieslist fan JA21 foar de Twadde Keamerferkiezings en stapte út Forum voor Democratie. Hy is no ûnôfhinklik Steatelid. Johann Stellema is no it twadde lid dat de fraksje fan FvD Fryslân ferliest.
Stellema makke woansdei digitaal bekend dat er opstapt © Omrop Fryslân