Fryslân keapet earst trije of fjouwer boerebedriuwen by natuergebieten út

17 feb 2021 - 10:31

De provinsje Fryslân is fan doel om trije of fjouwer boerebedriuwen út te keapjen. Feehâlders dy't in soad stikstof útstjitte op gefoelige natuergebieten koenen har melde foar sa'n regeling. Sân bedriuwen dy't foar dy regeling yn oanmerking komme ha har oant no ta meld by de provinsje.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It Ryk stelt earst 7,5 miljoen euro beskikber wêrmei't de provinsje Fryslân sokke bedriuwen útkeapje kin. It doel is om de delslach fan stikstof op Natura 2000-gebieten werom te bringen. It grutste part fan de stikstofútstjit wurdt feroarsake troch de lânbousektor. Troch boerebedriuwen oan te keapjen, sakket de stikstofdelslach en dat is goed foar de natuer.

De provinsje tinkt dat se mei it jild trije of fjouwer bedriuwen útkeapje kinne. Om te bepalen hokker bedriuwen dat wurde, sjocht de provinsje nei wêr't de measte stikstof yn de natuer bedarret. Dat binne yn de Bakkefeanse Dunen, it Fochtelerfean, de Wynjeterper Skar en it Drintsk-Fryske Wâld.

Letter komt der mear jild beskikber, sadat provinsjes mear bedriuwen útkeapje kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)