Startsein foar fúzje OSG Singelland en Burgemeester Harmsma School

17 feb 2021 - 10:01

De skoalmienskip Singelland en de Gordykster Burgemeester Harmsma School binne fan doel om te fusearjen. It ôfrûne jier ha de partijen in fúzje ûndersocht, mei as útkomst dat se tegearre fierder wolle. No moatte de gemeenten dêr't de skoallen steane it fúzjerapport goedkarre.

It OSG Singelland yn Drachten - Foto: Google Street View

Singelland hat skoallen stean yn Drachten, Burgum en Surhústerfean. Mei de fúzje wolle de skoallen der, yn tiden fan krimp, foar soargje dat se goed ûnderwiis en wurkgelegenheid bieden bliuwe kinne.

Der wurdt no wurke oan in transysjeplan 2021-2023. Dat moat op 1 augustus dit jier klear wêze, sadat it dêrnei fierder útwurke wurde kin.

It Singelland en de Burgemeester Harmsma School binne noch yn petear mei de gemeente Opsterlân oer ynvestearrings yn de (fer-)nijbou fan de Harmsma School op De Gordyk.

De Burgemeester Harmsma School op De Gordyk - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)