Bewonersraad stekt leden hert ûnder de riem mei Falentynsboeket

17 feb 2021 - 07:53

Hierdersferiening De Bewonersraad hat woansdei foar fjirtjin leden in ferrassing yn petto. Se krije in grut bosk blommen. It giet om in ferlette Falentynsaksje, wêrmei't De Bewonersraad de leden yn coronatiid in hert ûnder de riem stekke wol.

Foto: Shutterstock

"Midden januari deden we een oproep in onze nieuwsbrief aan leden om een ander lid voor te dragen voor een Valentijnsboeket", leit algemien direkteur Gert Brouwer fan De Bewonersraad út. De 30.000 leden koene in blomke oanfreegje foar ien dy't it dreech hat, bygelyks fanwegen iensumens, sykte of oare ferfelende omstannichheden, en dy't wol wat leafdefolle oandacht brûke kin. Dêr wurde fjirtjin út keazen.

"Vanuit het hart"

In soad minsken wisten wol ien dy't in blomke fertsjinne en de oanmeldings streamden binnen. "De binnengekomen verhalen hebben ons erg ontroerd en geraakt", fertelt Brouwer. "Mensen zijn er echt even voor gaan zitten om de situatie te omschrijven. Ze waren echt vanuit het hart geschreven."

Dat makke it der net makliker op om in kar te meitsjen tusken al dy ferhalen. "Eigenlijk verdiende iedereen een mooi boeket en daarom hebben we geloot." De fjirtjin minsken dy't in blomke krije, krije it boeket woansdei coronaproof oerlange.

Algemien direkteur Gert Brouwer fan De Bewonersraad

(Advertinsje)
(Advertinsje)