Fryslân yn efterhoede mei ierdgasfrije huzen: "Provinsje leit net op koers"

Oer it algemien bliuwe Fryske gemeenten efter as it giet om it ierdgasfrij meitsjen of bouwen fan huzen. Der binne boppedat grutte ferskillen tusken gemeenten. Dat docht bliken út nije sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Neffens enerzjykommissaris fan Fryslân Bouwe de Boer leit it tempo foar it ierdgasfrij meitsjen fan wenten fierstente leech.
Fryslân yn efterhoede mei ierdgasfrije huzen
Lanlik wie yn 2019 sa'n 5,7 persint fan de huzen ierdgasfrij. Yn Fryslân lizze de persintaazjes foar de gemeenten yn de measte gefallen leger as it lanlik trochsneed. Allinne Flylân (7,09 persint) skoart better as it trochsneed. Skiermûntseach en Ljouwert komme dan mei 5,28 en 4,43 persint yn de buert. De oare gemeenten sitte dêr fier ûnder.
Neffens Bouwe de Boer leit Fryslân hjirmei net op koers om yn 2050 enerzjyneutraal te wêzen. "Der wurde no in pear hûndert wenten yn it jier gasleas makke, mar dat giet net hurd genôch. As wy yn dit tempo trochgeane, dan wurdt it neat yn 2050. Der is yn de kommende fiif jier noch in enoarme slach te meitsjen." De Boer seit wol dat Fryslân hjir net unyk yn is, want yn it hiele lân giet it net rap genôch.
Gasfornús © Shutterstock.com
Bouwe de Boer

Gasfrije nijbou

As it giet om ierdgasfrije nijbou dan litte mear Fryske gemeenten it lanlik trochsneed efter harren. Yn Nederlân waard fan de nijboude huzen 34 persint ierdgasfrij oplevere. Acht fan de achttjin Fryske gemeenten hawwe in grutter part fan de nije oanwaaks ierdgasfrij boud. Op nûmer 1 stiet de gemeente Flylân mei goed 93 persint. It meast efter bliuwt it oare lytse Waadeilân, Skiermûntseach, mei noch gjin 6 persint.
Njonken dat gemeenten nije wenten ierdgasfrij bouwe kinne, wurde ek besteande huzen fan it gas ôf helle. Neffens De Boer leit hjit ek de útdaging. "Fryslân hat sa'n 300.000 wenten, wêrfan 90.000 hierwenten. Dy binne it probleem net. Mar dy oare 210.000 wol. Dy minsken moatte eins ferlaat wurde om harren hûs te ferbouwen."

Blau eilân

Fan alle gemeenten docht benammen gemeente Opsterlân it relatyf goed. De gemeente stiet it heechst yn de lanlike ranglist as it giet om it ierdgasfrij meitsjen fan besteande huzen. 0,98 persint fan de besteande wenten is yn dizze gemeente tusken 2017 en 2019 ierdgasfrij makke. Dat liket net in soad, mar de gemeente Opsterlân is dêrmei in donkerblau eilân yn in see fan griis.
Yn in grize gemeente is mar 0 oant 0,2 persint fan de besteande bou fan it gas ôf helle. Ek de gemeenten Ljouwert (0,34 persint) en Flylân (0,22 persint) binne ljochtblauwe eilantsjes. De gemeenten yn Nederlân dy't it it bêste dogge, binne Purmerend en Loppersum mei beide mear as 4,5 persint.
© CBS
Letter woansdei in reportaazje yn Wynjewâld, in doarp yn Opsterlân dat foaroan rint as it giet om gasfrij wurde.