Carport brânt út yn Harns; plysje set gebiet ôf foar ûndersyk

Oan de Koningin Julianastraat yn Harns is woansdeitemoarn brân útbrutsen yn in carport neist in wente. Doe't de brânwacht arrivearre, sloegen de flammen al út it geboutsje.
© SRFotografie
De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle. Wat de oarsaak is fan de brân is net dúdlik, mar brânstichting wurdt net útsletten. Der rekke foar safier bekend gjinien ferwûne.
Der binne de lêste tiid geregeld brantsjes yn Harns. Ferline wike binne der noch twa auto's yn brân stutsen. Op ferskate plakken yn de Oosterparkwijk hie de plysje dêrom kamera's ophongen, mar dy binne woansdei fuorthelle.
De plysje ûndersiket alle brannen. De omjouwing fan de Koningin Julianalaan wurdt op it stuit bewaakt oant it forinsysk ûndersyk ôfrûne is. Der is noch gjinien oanholden.
© CAMJO media / Stefan Postema