Sluting driget foar MFG De Kompenije yn Jobbegea: "Gjin perspektyf mear" 

17 feb 2021 - 06:17

De kontrasten kinne dit jier hast net grutter by multyfunksjoneel gebou De Kompenije yn Jobbegea. Takom maaie bestiet it hert fan it doarp tsien jier, mar in grut feest wurdt it net. Troch strukturele jildpine driget it earder in begraffenis te wurden. "As der foar 1 july gjin dúdlikens is, moat de doar ticht", seit foarsitter fan it MFG Jan Leistra. "Der is gjin perspektyf mear dan."

Aksje de Kompenije

"Sjoch, der wurdt noch al wat wurke troch in kok", seit Leistra as hy in rûnlieding troch it gebou jout. Yn de keuken wurket in kok stadich oan it iten foar it doarp. "We binne begûn mei ôfheljen, om dochs noch in bytsje jild binnen te krijen. Alles is wolkom, dus moai dat dit wat rint. Der is in tal oanfragen út it doarp. Dat skeelt foar ús in bytsje."

Wearde foar it doarp

It multyfunksjonele sintrum is fan grutte wearde foar it doarp. Der sit in skoalle yn, der wennet âlderein, mar ek is der in sporthal oanwêzich en sit der in biblioteek yn. "Dat leit allegearre troch it coronafirus stil", ferfolget Leistra as hy in krantsje fan in tafel pakt. "Minsken komme net mear. No moat ik wol sizze dat corona alles yn in fersnelling brocht hat. De problemen lizze der al folle langer."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by it MFG

Yn 2016 lûkt Leistra al oan de belle. Hy sjocht dat it de ferkearde kant op giet. "Der giet mear jild út as dat deryn giet. It gebou kostet mear as dat it opsmyt. Dan hoechst gjin rekkenwûnder te wêzen om te sizzen datst it net lang folhâldst. Der moat jild by en neffens ús is dat rap te krijen. It hiele probleem, sit 'm yn it bestimmingsplan fan it gebou. Dat is ynsteld op mienskiplik en dus meie kommersjele partijen gjin romte hiere. Dat wolle we oanpasse want we fernimme dat der wol kommersjele ynstânsjes binne dy't yn dit gebou wolle. Dat smyt dan jild op."

René Jelsma fan Pleatslik Belang Jobbegea foar De Kompenije - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Pleatslik Belang yn aksje

Leistra ûnderbrekt syn ferhaal efkes om René Jelsma te groetsjen. Jelsma is foarsitter fan it pleatslik belang yn Jobbegea en sjocht de problemen fan it MFG mei pine oan. "Wy komme as pleatslik belang no ek yn aksje. We roppe alle minsken op om ris in kear nei it sintrum te kommen en dêr wat jild út te jaan. It binne de lytse dinkjes dy't it ferskil meitsje kinne. Wy kinne it jild der ek net hinne tille, mar litte we mei ús allen foar it MFG troch it fjoer gean. As pleatslik belang hawwe we no ek al ús gearkomsten yn dit gebou, yn stee fan thús. Miskien helpt dat al dan."

Rendabel

Foar 1 july moat der in oplossing wêze. It bestemmingsplan moat om. Gemeente Hearrenfean seit ta dat it sjen wol nei dizze wiziging. "We moatte it MFG foar it doarp behâlde", seit wethâlder Jelle Zoetendal. "Mar it moat wol rendabel wêze. We sille ynkoarten mei it bestjoer fan it MFG om tafel om te sjen hoe't we harren it bêste stypje kinne yn de striid om 1 july perspektyf te jaan. We litte harren net falle."

(Advertinsje)
(Advertinsje)