De Jong wiis mei it spul tsjin TOP Oss: "Leuke wedstriid om nei te sjen"

16 feb 2021 - 22:53

SC Cambuur hie oan TOP Oss in moaie tsjinstanner, sa fynt trainer Henk de Jong. Foar Cambuur waard it 3-0. TOP Oss koe aardich druk sette: "Ik tink dat minsken hjir leaver nei sjogge as nei ploegen dy't op de eigen 16-meter stean bliuwe. It wurdt no 3-0, mar it hie ek 3-2 wêze kinnen", seit De Jong.

Henk de Jong

"Ik tink dat de earste helte bot op en del gie, beide kanten op. De twadde helte hie it ôfmakke wurde moatte. Ik fûn it in leuke wedstriid om nei te sjen. Wylst ik net oer alles tefreden wie, mar ik tink dat it wol it meast wichtige is," sa fynt De Jong.

Opstarte

De lêste doelpunten foelen yn de einfaze. "Je wolle graach goed fuotbalje, mar wy hawwe twa wiken net fuotballe. It fjild is ynienen wer sêft. Wy hawwe gekke omstannichheden hân mei snie. En dan winne wy dochs mei 3-0. Wy wiene goed dwaande, mar moatte wer efkes opnij starte."

De Jong is wiis mei de ynset fan keeper Sonny Stevens. Yn de earste helte wist de keeper in grutte kâns foar TOP Oss te kearen. "Dit wie in geweldich momint foar Stevens. In geweldige keeper. Dan stiet er wêr't er stean moat. Dat is geweldich."

Sonny Stevens

Stevens sels is ek wiis mei it moment fan de rêding. "Voor mij is dit net zoals het maken van een mooi doelpunt, een dubbele redding op vrij korte afstand is een heerlijk gevoel voor mij. Ik ben blij van binnen. Maar wij waren ook slordig, daar speelden zij handig op in. Dus alle lof voor hen."

De keeper hat wol betrouwen yn de kânsen foar Cambuur. "Wij kijken de eerste minuten wat een tegenstander doet. Nu kwam er bij vlagen wat ruimte voor ons. Omdat wij wel aardig voetballen, komt er ook wel een kans. Daar heb ik wel vertrouwen in."

(Advertinsje)
(Advertinsje)