SC Hearrenfean mei Joey Veerman rjochting bekerduel tsjin Feyenoord

16 feb 2021 - 21:43

SC Hearrenfean kin woansdeitejûn yn de kwartfinale fan de KNVB Beker tsjin Feyenoord nei alle gedachten wer beskikke oer Joey Veerman. De middenfjilder wie der ôfrûne wykein yn de kompetysjewedstriid tsjin AZ (3-1 ferlies) net by fanwegen in blessuere.

Johnny Jansen foar SC Hearrenfean - Feyenoord

Neffens trainer Johnny Jansen is de wedstriid tsjin de Rotterdammers 'ongelooflijk belangrijk'. "We willen graag die finale halen en dan zijn dit de krenten in de pap. Dit zijn mooie wedstrijden", seit Jansen.

Trije wiken lyn spilen de Friezen yn de earedifyzje noch tsjin Feyenoord. Dy wedstriid waard mei 3-0 relatyf ienfâldich wûn. Mar dat is dit kear oars, tinkt oanfaller Mitchell van Bergen. "Het zal geen makje worden denk ik", seit de 21-jierrige fuotballer, dy't yn 2017 mei Vitesse de beker al ris wûn.

Mar it jout wol hoop: "We hadden die wedstrijd goed onder controle en we speelden gewoon heel goed. Dan zie je dat we ook over Feyenoord heen kunnen gaan. Morgen (woansdei, red.) zullen we weer hetzelfde moeten brengen", seit Van Bergen.

Oar Feyenoord

Trainer Jansen giet derfan út dat dizze edysje fan Hearrenfean - Feyenoord hiel oars wurde sil. "Feyenoord zal revanchegevoelens hebben en die zullen een plan klaar hebben hoe ze dat gaan doen. Dat betekent dat wij ons ook weer moeten wapenen tegen een ander Feyenoord. Ik verwacht dat dit echt een ander potje gaat worden", seit Jansen.

De kaai yn it kompetysjeduel lei by de frijheid dy't Joey Veerman krige op it middenfjild. De kâns dat de Rotterdammers wer safolle romte jaan sille oan de Volendammer is lyts, wit ek Jansen: "Ze kunnen bijvoorbeeld hun rechtsback alleen maar door laten dekken op Joey. Of ze zeggen we houden een middenvelder in hun zone. Of ze laten misschien wel een centrale verdediger doordekken."

"Wij gaan ook weer ontdekken hoe ze dat gaan doen. Wij moeten dan goed gaan kijken wie welke rol heeft en wat we daar tegenover kunnen zetten", seit Jansen.

Mitchell van Bergen

Yn de ferlerne kompetysjewedstriid tsjin AZ wie Jansen nei ôfrin yrritearre oer it feit dat syn spilers in hiel soad efterút spilen. Van Bergen begrypt dat wol. "Eerlijk is eerlijk, we waren - ook ikzelf - niet goed aan de bal", seit de oanfaller. "De trainingsdagen die we nu hebben gehad zijn we bezig geweest met voorruit voetballen en hoe we het kunnen oplossen. Dat zag er vandaag goed uit, dus ik heb er zeker vertrouwen in."

Jansen is der de ôfrûne twa dagen 'nadrukkelijk mee bezig geweest'. "We hebben de beelden laten zien aan onze centrale verdedigers. We hebben beelden laten zien aan Rodney en Tibor. Om te laten zien: jongens, als je betere positie kiest, betekent dat ook dat je soms makkelijker vooruit kunt spelen", seit Jansen.

Heale finale

As Hearrenfean de heale finale hellet, is al bekend wa't de tsjinstanner is: Ajax. "Het is een lastige loting voor de volgende ronde, maar niks is onmogelijk", seit Van Bergen.

Jansen wol dêr noch net te folle mei dwaande wêze. "Het belangrijkste is morgen winnen", seit hy. En as dat slagget, dan makket de tsjinstanner neffens him net in soad út. "Je wilt die bekerfinale halen, dus je zult ook de topploegen uit moeten schakelen. Of je ze dan halverwege treft of in de halve finale, dat maakt me niks uit", sa seit Jansen.

De wedstriid SC Hearrenfean - Feyenoord begjint woansdeitejûn om 18.45 oere en is live te hearren by Omrop Fryslân. It kommentaar is yn hannen fan Roelof de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)