Jûnsklok bliuwt foarearst fan krêft

De jûnsklok bliuwt foarearst fan krêft. It gerjochtshôf yn Den Haag hat it eardere fonnis fan de rjochter dat de jûnsklok fan de baan is wer skrast. Aksjegroep Viruswaarheid die in saak oanspand. It demisjonêr kabinet gie wer tsjin de útspraak fan de rjochter yn en frege yn in spoedappèl om de útspraak oan kant te lizzen oant yn elts gefal de ynhâldlike behanneling fan it heger berop, dat freed is. Earder op de dei wie der in soad ûnwissens, ek op strjitte yn Fryslân.
© Omrop Fryslan
It hôf hat de belangen ôfwage fan de groep fan Viruswaarheid en it belang fan de Steat. "En nu allemaal snel naar huis", sei de rjochter nei de útspraak om 20.30 oere hinne, net lang foar't de jûnsklok wer yngie. Willem Engel fan Viruswaarheid is lilk fanwege de útspraak. "U maakt een grote fout," joech er oan.
It heger berop fan de saak wurdt troch deselde rjochters fan it hôf behannele.
Minsken op strjitte yn Snits reagearje op de jûnsklok dy't fan krêft bliuwt