Cambuur wint fertsjinne fan TOP Oss, bliuwt fier op titelkoers

SC Cambuur hat de wedstriid tsjin TOP Oss winnend ôfsletten. It waard 3-0 foar de Ljouwerters, dy't troch dizze winstpartij en it ferlies fan Almere City fier op titelkoers bliuwe.
© Orangepictures
De wedstriid begûn mei in flater fan Doke Schmidt, dy't de bal net goed weromspile op keeper Sonny Stevens, mar foar Cambuur rûn it mei in sisser ôf. Nei in goed kertier spyljen kamen de Ljouwerters ta in nije kâns, fia oanwinst Nick Doodeman, mar syn baltsje op topskutter Robert Mühren waard fuortwurke.
Efkes letter wienen it de gasten mei in goede kans op in doelpunt, mar keeper Stevens hie in dûbelde rêding yn hûs, dus it bleau noch doelpuntleas. Efkes letter is it Mühren dy't mei in penalty it earste doelpunt op it skoareboerd set. Op wat lytse kanskes foar Oss nei barde der net in soad mear yn de earste helte.
De twadde helte wie fuort even spektakulêr. Cambuur like op 2-0 te kommen, mar it doelpunt fan Calvin Mac-Intosch waard ôfkard fanwegen bûtenspul. In tsiental minuten letter besocht Issa Kallon de stân te ferdûbeljen, mar keeper Geens bokste de bal fuort.
Rjochting de ein fan de wedstriid makken de Ljouwerters lykwols al dien wurk, troch stifts fan Giovanni Korte en Mühren, wêrby't benammen dy fan de topskoarer der wêze mocht: hy stifte de bal fan in grutte ôfstân oer de machteleaze keeper Geens fan de besikers.
Opstelling: Stevens, Schmidt, Mac-Intosch, Schouten, Sambissa, Jacobs, Hoedemakers, Maulun (81/Ter Heide), Doodeman (67/Antonia), Mühren, Kallon (67/Korte)